Froulju SC Hearrenfean winne lêste wedstriid fan it seizoen

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn mei 2-3 wûn op besite by Excelsior. It wie foar de Feanster froulju de lêste wedstriid fan it seizoen. De klup is troch de oerwinning dit jier as fiifde einige yn de earedifyzje.
© Orange Pictures
Nei in kertier iepene Williënne ter Beek de skoare. Noch gjin tsien minuten letter ferdûbele Kirsten van de Weteringh mei in moaie lob de foarsprong. Mei de snelle foarsprong foar Hearrenfean moast Excelsior komme.

Excelsior gefaarlik fan ôfstân

De Rotterdammers besochten dat ek wol, en wiene benammen gefaarlik fan ôfstân. Sa wie Van Erk in pear kear tichtby in doelpunt, mar Hearrenfean helle sûnder skea it skoft. Yn de twadde helte gie Excelsior op syk nei de oanslutingstreffer. Yn de 54e minút wie it Naomi Pique dy't de keepster fan Hearrenfean mei in skot fan ôfstân ferraste.
Excelsior hie troch dat der noch wat te heljen wie yn it duel. Troch in doelpunt fan Joy Kersten kamen de Rotterdammers nei in oere dan ek op 2-2. Dochs soe de oerwinning nei Fryslân gean. Fiif minuten foar tiid pakte Hearrenfean troch in doelpunt fan Roos van der Veen de trije punten.

Winners pûl B earedifyzje

Hearrenfean en Excelsior spilen yn pûl B fan de earedifyzje. Dêryn sieten de fjouwer ploegen dy't yn it reguliere seizoen it leechst einige binne om út te meitsjen wa't der op plak fiif oant acht komme.
Troch de oerwinning binne de Friezinnen winners wurden fan dizze pûl B, en dus as fiifde einige yn de earedifyzje.