Flater mei grinspeal op Ofslútdyk nei 45 jier lang om let oplost

28 maaie 2021 - 21:08

Op de 89e jierdei fan de Ofslútdyk hat deputearre Avine Fokkens de restaurearre grinspeal op de dyk ûntbleate. De deputearre die dat mei har kollega-deputearre Cees Loggen fan de provinsje Noard-Hollân. Mei it ferpleatsen fan de grinspeal is in flater fan goed 45 jier lyn lang om let oplost.

Foto: Provinsje Fryslân

By de iepening fan de Ofslútdyk yn septimber 1932 is de grinspeal delset op de provinsjale grins fan Noard-Hollân en Fryslân oan de Iselmarside fan de dyk, mei wapens oan de kant fan de byhearrende provinsje.

Doe't de Ofslútdyk yn 1975 in fjouwerbaansdyk waard, is de peal ferpleatst nei it heechste punt. De peal is lykwols ferkeard om pleatst. It wapen fan Noard-Hollân stie oan de kant fan Fryslân en oarsom.

Fersterking

Troch de hjoeddeiske fersterking fan de Ofslútdyk moast de peal efkes nei de opslach. Neffens de provinsje in moaie gelegenheid om him op te poetsen en te restaurearjen.

Freedtemiddei waard de peal wer yn de goede posysje set. De Friezen wenje no dus wer gewoan yn Fryslân en de Noard-Hollanners yn Noard-Hollân.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw prate mei deputearre Fokkens oer de nije grinspeal

(Advertinsje)
(Advertinsje)