Parsekonferinsje liket 'goed nijsshow'; dizze ferrommingen binne oankundige

28 maaie 2021 - 19:14

Fan 5 juny ôf meie minsken thús wer fjouwer gasten ûntfange. Fierder gean musea iepen en meie der 50 gasten binnen yn restaurant, teäter, kroech of bioskoop. Dat makken demisjonêr premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens freedtejûn bekend op in parsekonferinsje.

Foto: ANP

De ferrommingen kinne trochgean om't de coronasifers 'rap dalende zijn', sa sei demisjonêr premier Rutte. Wol moat der oardel meter ôfstân holden wurde. Gruttere restauranten of ynstellingen meie mear minsken binnen ha wannear't se in negative test oerlizze kinne. Der mei ek wer binnen sport wurde, en sportkantines meie dêrby iepen. Boppedat gean sauna's en sinnebankstudio's wer iepen.

Foar leafhawwers fan it Nederlânsk alvetal wie der min nijs. De wedstriden fan Oranje meie net op grutte skermen yn de kroech sjoen wurde, en ek net op it terras. Der waard fierder bekend makke dat de ferkeap fan alkohol yn supermerken en winkels wer kin oant 22.00 oere. No is dat noch 20.00 oere.

Oare maatregels earder loslitte

Yn de takomst wol it kabinet ferskate coronamaatregels earder loslitte. Sa stie op 30 juny earst stap fjouwer yn it iepeningsplan op de aginda, mar it liket derop dat it kabinet derop ta wol dat stap fiif dan yngean kin.

Dat soe betsjutte dat minsken fan 30 juny ôf acht besikers thús ûntfange meie, restauranten hûndert gasten binnen ha kinne en sportwedstriden wer mooglik binne. Ek kinne ferskate eveneminten dan miskien wer holden wurde mei de help fan tagongstesten.

Festivals sûnder oardel meter

Foar grutte festivals, wêr't minsken rinne, soe dat betsjutte dat se nei 30 juny de oardel meter loslitte meie wannear't besikers in negative coronatest sjen litte kinne. Der mei dan maksimaal 75% fan it reguliere tal besikers nei binnen.

Nei stap fiif folget allinnich noch it folslein loslitten fan alle coronamaatregels. Wannear't dy stap naam wurdt, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)