Wolf deariden op N381 by Appelskea

28 maaie 2021 - 17:52

Foar it earst is yn Fryslân in wolf deariden. Dat barde freedtemiddei op de N381 by Appelskea, by de ôfslach nei camping Roggeberg. It giet nei alle gedachten om in mantsje.

Dat moat noch wol befêstige wurde troch DNA-ûndersyk. Dêrfoar wurdt de deade wolf nei de universiteit fan Utrecht brocht, seit wurdfierder Peter van der Meerschaut fan de provinsje. Nei alle gedachten duorret dat ûndersyk in pear wiken.

Oft it deselde wolf is dy't earder sjoen waard by Ketlik is net dúdlik. Ek dêr moat ûndersyk foar dien wurde.

Trefwurden: 
wolf Appelskea
(Advertinsje)
(Advertinsje)