Súdwest-Fryslân wurket oan ferbod op nije geitehâlderijen fanwege sûnensrisiko's

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Súdwest-Fryslân wurkje oan in ferbod op nije geitehâlderijen en de útwreiding fan besteande bedriuwen. It kolleezje docht dat mei it each op sûnensrisiko's.
© Omrop Fryslan
Minsken dy't binnen in straal fan twa kilometer wenje fan in geitehâlderij, soene in ferhege kâns op longûntstekking ha.
Yn de measte provinsjes yn Nederlân jildt ek in geitestop, mar yn Fryslân net. De gemeente Súdwest-Fryslân is benaud dat dat geitehâlders nei Fryslân lokket. De gemeente hat al in tal oanfragen krigen.
Omdat der noed is oer de risiko's, stelt it kolleezje fan B en W de ried no foar om gjin nije bedriuwen en gjin útwreiding mear ta te stean. De ried praat dêr takom wike oer.
Yn de gemeente Weststellingwerf jildt sûnt 23 april foarearst wol in stop op geitehâlderijen.
De ôfrûne wiken hat Omrop Fryslân by alle Fryske gemeenten neifrege oft der oanfragen binne foar nije geitehâlderijen of foar it ombouwen fan besteande bedriuwen. Ut it ûndersyk docht bliken dat dat it gefal is yn Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren en Ljouwert.
Yn alle gefallen giet it om it ombouwen fan besteande lânboubedriuwen nei geitehâlderijen. By Súdwest-Fryslân binne dêrfoar fjouwer oanfragen binnen kaam, by De Fryske Marren twa en by Ljouwert ien.
Yn alle oare Fryske gemeenten binne gjin nije oanfragen binnen kaam en stean maatregels net ta diskusje of op de aginda.