Wurkstraffen foar Pokémon-jagers dy't garaazje yn Nes fernielden om himplucht

28 maaie 2021 - 16:04

Trije manlju ha wurkstraffen krigen foar fernielerij fan in garaazje by in wenning yn Nes by Akkrum. De twa bruorren fan 20 en 26 jier út Aldeboarn en Ljouwert en in 21-jierrige ynwenner fan Akkrum besochten de garaazje iepen te brekken, doe't se nei eigen sizzen op jacht wiene foar it spultsje Pokémon GO.

Foto: Shutterstock

By in nachtlike speurtocht mienden de trije Pokémon-jeiers in sterke himplucht te rûken út de garaazje wei. Wylst se dwaande wiene om de garaazjedoar iepen te brekken, waarden se steurd troch de 75-jierrige bewenner fan it hûs dy't wekker wurden wie troch it rumoer.

Fan in himpkwekerij wie gjin inkeld spoar. Neffens de rjochter wiisde alles derop dat it trio besocht yn te brekken, mar de fertochten ûntkenden dat. Se woene yn de garaazje sjen en dêrnei de plysje belle, seine se.

Straffen stik leger as eask

Ek de offisier fan justysje leaude neat fan harren ferhaal. Hy easke wurkstraffen fan 120 oeren en twa moannen sel ûnder betingst foar de twa jongste fertochten. Foar de âldste fertochte, dy't al in strafblêd hie, wie de eask twa moannen selstraf plus twa moannen ûnder betingst.

Om't der neffens de rjochter gjin dúdlik bewiis foar ynbraak wie, foelen de straffen in stik leger út. De jongste twa krigen 30 oeren wurkstraf foar de fernielerij en de âldste fertochte moat 50 oeren oan it wurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)