Tal nije besmettingen yn Fryslân sakket wer ûnder de 100

28 maaie 2021 - 15:21

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 86 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 25 minder as tongersdei, doe't it der 111 wiene. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 91 besmettingen registrearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Smellingerlân (22), dêrnei komme Noardeast-Fryslân (9) en Ljouwert (8).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Wol binne der twa Friezen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 3.914 nije coronagefallen registrearre. Tongersdei wiene dat der 3.426.

Parsekonferinsje

Demisjonêr premier Mark Rutte en soarchminister Hugo de Jonge jouwe freedtejûn wer in parsekonferinsje oer de coronamaatregels. It kabinet wol op 5 juny in nije stap sette mei de ferrommingen.

Earder soe de nije faze yn it 'iepeningsplan' op 9 juny wêze. De Jonge fynt dat it earder kin, omdat it mei de sifers de goede kant op giet.

De parsekonferinsje begjint om 19.00 oere en is live te folgjen fia ús webside en de Omrop-app.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)