Fryske frijwilligers strûpe de mouwen op foar NLdoet

28 maaie 2021 - 14:04

Op allerhanne lokaasjes yn de provinsje strûpe frijwilligers freed en sneon de hannen út de mouwen, yn it ramt fan NLdoet: de grutte frijwilligersaksje fan it Oranje Fonds. Doel is om safolle mooglik minsken der ta oan te setten ris te helpen op plakken dêr't dêr ferlet fan is.

"Wy sette bisten op de muorre, it moat in moai tafreel wurde"

Gewoanwei is de aksje yn maart, mar fanwege de coronasituaasje is it in pear moannen útsteld. Yn Drachten en Stiens wiene sy mar wat wiis mei wat ekstra stipe.

By Dierenambulance Zuid Oost Friesland koe der wol wat barre oan it gebou, seit byldhouwer Anne Woudwijk, dy't beskermhear fan de diere-ambulânse is. "Dit gebouke is oan ûnderhâld ta, by it dak en oan de binnenkant."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar by Dierenambulance Zuid Oost Friesland

Binnen wurdt spesjaal in muorre beskildere. "Der binne njoggen keunstners dy't meidogge. Guon sketse earst wat, oaren begjinne gewoan. Wy sette bisten op de muorre, it moat in moai tafreel wurde. It wie net dreech om keunstners te finen, it slagge samar." De fraach wie om bisten te skilderjen dy't de diere-ambulânse helpt, lykas hûnen en katten.

Opfleurje

Foarsitter Bernardette Hendriks is tige wiis mei it inisjatyf. "It NLdoet-idee komt by in kollega wei, dy hie it idee om yn 'e mande mei inoar it gebou op te fleurjen. De kezinen oan de bûtenkant wurde ek dien yn de kleuren fan de diere-ambulânse. Dat is moai dat soks kin."

Keunstners binne de hiele dei dwaande yn Drachten

By bernebuorkerij Doniastate yn Stiens is in groep frijwilligers dwaande om 80 kubike meter oan houtsnippers nei de Kabouterbosk te ferpleatsen. Eigener Jeroen Wijnand: "It hat sa'n nuver jier west. Wy moasten ek neitinke oft NLdoet noch wol trochgean koe. It wie in hiele organisaasje, mar wy hawwe it dochs oprêden om 40 frijwilligers byinoar te krijen. De kabouterbosk hie de prioriteit om op te pakken, it is foar ús in grutte publykslûker."

"Prachtige start"

Doniastate jout in wurkplak oan minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk. Mei stipe fan begelieders helpe de frijwilligers yn de hoareka, de bistefersoarging en it grien. De NLdoet-aksje is neffens Wijnand ien grut feest. "Mar ek keihurd wurkje, want dy bulte snippers moat der wei. Wy binne ek yn de grientetún oan it plantsjen en de foliêre moai oan it meitsjen. Wy binne op ferskate lokaasjes tagelyk dwaande. Nei sa'n min jier is dit in prachtige start wer."

Nldoet is in nij begjin by bernebuorkerij Doniastate yn Stiens

(Advertinsje)
(Advertinsje)