Freedsmerk oer berop Twadde Keamerleden: "Ha jim noait ris frij?"

28 maaie 2021 - 13:56

Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt hat in burn-out en komt foarearst net werom. Hy is de iennichste net, want ek bygelyks syn Ljouwerter kollega Harry van der Molen sit oerspand thús. Is it keamerwurk te swier en soe de hiele Haachske polityk oars organisearre wurde moatte? Op de Ljouwerter freedsmerk waard dêr hiel ferskillend nei sjoen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"It liket my wol in moai baantsje. In bytsje fergaderje, wat ouwehoere en fansels in moai salaris", sei in besiker fan de freedsmerk op de fraach oft er sels net de Twadde Keamer yn woe. In oar like it ek wol wat, mar stelde dat it foar him neat wurde soe: "Ik kan niet liegen."

En dan wiene der fansels ek minsken dy't hielendal neat fan de 'Haachske klyk' ha moatte: "Dat zooitje lapzwansen dat daar zit, daar wil ik niet bij horen."

Pieter Omtzigt yn de Twadde Keamer - Foto: ANP

De measten soene net graach in plak as Keamerlid ynnimme wolle, om't se sjogge hoe swier oft dat wurk eins is. "As ik dy minsken dan wer sjoch, tink ik wolris: ha jim noait ris frij?" Ek wie der goede ried: sjoch goed nei de positive saken, nim genôch ôfstân, soargje geregeld foar beweging, gean te kuierjen en meitsje jo net te drok.

"Se moatte moai bla-bla-bla meiprate, want wa't earne tsjinyn giet, komt oerspand thús te sitten." Spitigernôch kaam dêr dan wol wer de konklúzje efteroan, dat wa't it keamerwurk echt serieus nimt, dêr nea oan takomt. "Dus, sterkte Pieter Omtzigt!"

Ferslachjouwer René Koster op de Ljouwerter freedsmerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)