GGD ropt op om troch te setten mei testen, om sicht op firus te hâlden

It is de fiifde wike mei legere besmettingssifers op 'e rige en yn dy fiif wiken is it tal coronabesmettingen yn Fryslân mear as troch de helte gien. De delgong jildt foar alle leeftiidsgroepen. "Ik tink dat it net lang duorret foar't wy in risikonivo nei ûnderen kinne'," sa ferwachtet Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. "Mar goed, fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig' is noch hieltyd net goed fansels."
© Shutterstock.com (Horth Rasur)
De Graaf neamt it legere tal besmettingen 'hartstikke moai.' Dochs hopet sy wol dat net eltsenien fuort tinkt dat it no feilich is. "Minsken moatte wach wêze, hielendal as sy net faksinearre binne."

Bliuw testen

Ofrûne wike hawwe 7.227 Friezen harren by de GGD teste litten, dat is it leechste oantal sûnt healwei febrewaris. "Wy hoopje ek dat minsken harren teste bliuwe litte. Dan hâlde wy sicht op it firus. Ek om te sjen oft je it noch krije kinne en oare oanstekke. En om te sjen oft der bygelyks alle jierren in faksinaasjerûnte nedich is. En hoe lang in faksin wurket. Soks kinne je allinne mei sifers sizze, dus as minsken har teste litte."
Wichtich by it delgeande tal besmettingen is ek de faksinaasje. "Wy sitte no op 250.000 faksinearre Friezen, plus miskien noch wol 100.000 minsken dy't troch sikehuzen en dokters prikt binne. De opkomst op de Waadeilannen wie hiel goed, heger as 80 persint." Ferline wike hawwe 33.795 Friezen in faksin fan de GGD krigen.
Margreet de Graaf van GGD Fryslân
GGD Fryslân set no ek in faksinaasjebus yn, dy't earst nei Harns, Noardeast-Fryslân en Weststellingwerf ride sil. "Dy is bedoeld foar 65-plussers dy't noch net in faksinaasje hân hawwe om't sy bygelyks thús bleaun binne. Je kinne der allinne terjochte mei in útnûging fan it RIVM, net mei in útnûging fan de dokter. Je hoege net in ôfspraak te meitsjen, mar kinne gewoan del komme."

"Minskewurk"

Op guon plakken yn it lân docht bliken dat der minsken binne dy't agressyf wurde of in prik helje foar't sy oan bar binne. "Wy meitsje it wol mei, mar aldergeloks is it grutste part allinne mar bliid. Mar wy kinne net kontrolearje oft minsken wol in medyske yndikaasje hawwe en wy ferstjoere ek gjin útnûgingen. It bliuwt minskewurk, wy kinne it net oan de eagen sjen wannear't minsken oan bar binne."