Parkearproblemen yn Peazens-Moddergat: "Somtiden gjin trochkommen oan"

28 maaie 2021 - 12:08

Der binne al langere tiid parkearproblemen yn Peazens-Moddergat. Sûnt dizze maitiid is it hielendal mis. Op dagen mei moai waar wurdt der eins troch it hiele doarp hinne parkearre. Ek op plakken dêr't it net tastien is. Ynwenners en it doarpsbelang hawwe yntusken genôch fan de parkearoerlêst.

"Somtiden gjin trochkommen oan"

Foarsitter fan it doarpsbelang Taeke Visser: "Ast hjir op in hiele moaie dei komst, dan stiet it doarp gewoan hielendal fol en dat jout oerlêst foar de bewenners." Der wiene dagen dat boeren net op it lân komme koene en dat auto's inoar net passearje koene.

"Toerisme is wichtich, mar dan moat der wol romte wêze foar de toerist," seit Visser. De romte op de seedyk is der wol, mar it parkearjen is net te dwaan. Om de oerlêst tsjin te gean hat it doarpsbelang yntusken in parkearfisy ûntwikkele. Dizze wurdt besprutsen mei de doarpsbewenners, as it mei de coronamaatregels wer kin. De bewenners kinne dan ek winsken en oanmerkingen trochjaan, sa't der in plan mei draachflak is.

Foarsitter Taeke Visser yn petear mei ferslachjouwer Ben de Jager

(Advertinsje)
(Advertinsje)