FIDEO: Stroom helje út sâlt en swiet wetter op de Ofslútdyk

Enerzjy helje út it ferskil yn sâltkonsintraasje tusken sâlt en swiet wetter? It kin en bart op de Ofslútdyk. Yn de Blauwe Energiecentrale by Breesândyk wurdt dizze revolúsjonêre technology hieltyd fierder perfeksjonearre. As alles meisit, kin dit daliks in wichtich Nederlânsk eksportprodukt wurde.
Sa wurdt der stroom helle út wetter by de Ofslútdyk:
De fynst dat der enerzjy frijkomt by in 'omkearde elektrodialyze' komt al út 1954. Cees Buisman, direkteur fan it kennisynstitút foar wettertechnology Wetsus yn Ljouwert, begûn begjin dizze iuw in nij ûndersyk nei dizze technology.

Proefynstallaasje

De folgjende stap wie om te ûndersykjen oft it prinsipe ek op grutte skaal tapasber wêze soe. Hjirfoar wie in plak nedich mei in soad sâlt en swiet wetter, bygelyks op de Ofslútdyk. Sûnt 2014 stiet hjir de earste proefynstallaasje.
De Blauwe Energiecentrale by Breesândyk leveret op dit stuit stroom oan 160 húshâldens. Ynkoarten wurdt der begûn mei de bou fan in folle gruttere sintrale op de Ofslútdyk. Dizze sil tsien kear safolle enerzjy opwekke.
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.