Fiif projekten yn Noardeast-Fryslân krije subsydzje út Regiodeal

28 maaie 2021 - 10:45

Fiif projekten yn Noardeast-Fryslân krije subsydzje fan de gemeente út de saneamde Regiodeal. It giet om 500.000 euro, dat ferparte wurdt oer fiif projekten.

Foto: Binne-Louw Katsma

In part fan it jild giet nei de marketing om de Waadopera Peter Grimes hinne, dat yn septimber by Peazens-Moddergat komme moat. Doel is ek om besikers te lûken foar in langer ferbliuw yn de regio. Ek giet der jild nei in learprogramma foar ûndernimmers fan Koninklijke Horeca Nederland.

Fierder krijt Stichting Landschapstriënnale subsydzje foar it projekt Bezienswaardigheden en Beleving oan de Waadkust, krijt bougroep Dijkstra Draisma in bydrage foar it projekt dat reidsigaren ta isolaasjemateriaal makket en wurdt it projekt Wendbaar Vakmanschap stipe. Dat lêste projekt lit bedriuwen mei it Friesland College en it Nordwin College gearwurkje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)