Zadenbibliotheek Fryslân hat inisjatyf no ek lanlik útsiedde

Zadenbibliotheek Fryslân is offisjeel omtsjoend ta in lanlik inisjatyf. De namme is no ek: Zadenbibliotheek Nederland. Yn 2017 begûn de biblioteek mei twa lokaasjes yn Fryslân dêr't minsken fergees sied liene, ynleverje en ruilje kinne. Op dit stuit binne der al 33 lokaasjes, ek yn Drinte, Gelderlân, Utrecht en Oerisel. It kweken fan eigen griente, krûden en blommen is hip, seit inisjatyfnimster Janet Pasveer fan De Jouwer.
© Zadenbibliotheek Fryslân
Janet Pasveer leit út wat it projekt eins ynhâldt: "Op ferskate plakken yn de provinsje steane bakken, bygelyks by biblioteken of Talant-lokaasjes. Yn dy bakken sitte siedsjes dy't brocht binne troch minsken dy't oer hiene. Dy dogge wy yn pûdsjes en bringe wy nei de lokaasjes. Minsken dy't lid binne fan de Zadenbibliotheek kinne siedsjes ophelje, yn harren eigen tún wer yn de grûn dwaan en in part fan it sied dat de planten wer opsmyt bringe minsken werom nei de Zadenbibliotheek."

Duorsum

In moaie rûntegong dus, en dat is ek it hiele idee. "Wy hawwe it in bytsje ôfsjoen, ik seach it yn België foar it earst op in merk. Doe tocht ik: dat moatte wy in Nederlân ek hawwe, dit is prachtich."
In soad minsken helje de tegels der út en sette de griente der yn. Dat wolle wy graach stypje.
Janet Pasveer
Neffens Pasveer binne der hieltyd mear minsken dwaande om duorsum, sûn en bewust te libjen. "It begjint mei sûn iten. Ek it lokale aspekt is wichtich. En lokaler as je eigen tún wurdt it net. In soad minsken helje de tegels der út en sette de griente der yn. Dat wolle wy graach stypje."

185 siedsoarten

Yntusken is der op de webside fan de Zadenbibliotheek in útstalling te finen fan wol 185 ferskate soarten sied. Fan klaproazen en margriten, oant tomaten en beantsjes.

Doarren iepen

It siedprojekt docht fertuten, net allinne binnen de eigen provinsje, mar no ek dêrbûten. "Minsken kloppen by ús oan de doar: wy wolle dit ek yn Utrecht, Soest, Twente, Steenwijk, nim mar op. Wy seine tsjin inoar: dy doarren moatte iepen. Wy siedzje ús inisjatyf út troch hiel Nederlân."
Inisjatyfnimster Janet Pasveer
Mar, sa seit Pasveer ek: "Fryslân bliuwt de basis. Der binne hjir 24 lokaasjes yn Fryslân." Dy binne by Wolvegea, Balk, De Lemmer, De Jouwer, De Gordyk, Easterwâlde, Beetstersweach, Drachten, Grou, Harns, Frjentsjer, Ljouwert, Gytsjerk, Burgum, Bûtenpost, Warfstermûne, De Westereen, Stiens, Sint-Anne en op It Amelân, Skylge en Flylân te finen.
Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Zadenbibliotheek Nederland en op de Fryske Facebookside.
© Zadenbibliotheek Nederland