PODCAST Smokkelbern #9: "Se koenen der noch wol ien by hawwe"

28 maaie 2021 - 08:30

De Joadske bern Clara Haagens en har broerke Henk oerlibben de Twadde Wrâldoarloch, elk by ferskillende pleechfamyljes. Yn diel 9 fan de podcast Smokkelbern it ferhaal fan Clara, dy't as 'bonusbern' leafdefol opfongen waard yn de húshâlding fan Hessel en Tjipke Robroch yn Ferwert.

Beharkje de podcast:

Doe't se fuort moast, waard dat in grut gemis foar frou Robroch. Buorfrou Feikje Hoogland waard letter har fertrouwelinge yn it dielen fan har fertriet.

Clara en har broerke Henk kamen fan it Súd-Hollânske eiland Goeree-Overflakkee. Studinten smokkelen de bern nei Fryslân. Nei alle gedachten is Clara troch fersetsfrou Esmee van Eeghen earst nei Blije brocht. Dêrnei kaam se by de famylje Robroch yn Ferwert.

Doe't heit Hessel Robroch trappearre waard op it harkjen nei de radio, waard it te gefaarlik. Foar Clara waard doe in nij ûnderdûkadres socht. By de famylje Talsma yn Holwert hat se de rest fan de oarloch trochbrocht.

De âlden fan Clara en Henk hawwe de oarloch net oerlibbe. Clara har dochter Jolanda van Rij hat letter in boekje skreaun oer de jeugd fan har mem: Mijn moeder het bonuskind.

Smokkelbern, de podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapps en op Spotify. Mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.

Foto: Omrop Fryslân

De podcast Smokkelbern wurdt makke troch Gerard van der Veer en Karen Bies. Der is ek in Fryslân DOK-rige Smokkelbern fan fiif telefyzjedokumintêres, makke troch Gerard van der Veer en Annet Huisman, te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.

'Smokkelbern' is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.

(Advertinsje)
(Advertinsje)