Kollum: "Drokte"

28 maaie 2021 - 08:13

"Doe't we weromkamen fan ús fakânsje hie ik net iens fatsoenlik de tiid om nei te genietsjen. Ik hie myn koffers noch mar amper útpakt, doe't ik in leech potsje fitamine B12 fûn dat ús lobbes Timmy soldaat makke hie. Hy hie it fan it oanrjocht krigen en alle piltsjes opfretten. Op it etiket stie dat der ek xylitol yn siet, dus doe haw ik dochs de bistedokter mar efkes belle.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Xylitol is puer gif foar hûnen én katten. Fan bygelyks in stikje koeke mei xylitol yn stee fan sûker kin in hûn wol deagean! It stofke wurdt hiel gau opnommen yn it bloed en soarget foar in ekstreme stimulaasje fan de alfleisklier om ynsuline ôf te jaan. Dat bringt in akute en grutte ferleging fan it sûkergehalte yn it bloed tewei wat libbensbedriigjend wêze kin.

Sadwaande siet ik de earste Pinksterdei mei Timmy by de bistedokter. Hy krige earst in prip mei guod dêr't er beroerd fan waard. Hy hat alles der út spuid en doe hat de bistedokter syn glukoazewearde metten. Dat wie aldergeloks goed genôch om him net oan it ynfús te lizzen, mar ik moast it dyselde dei thús ek noch trije kear mjitte.

Mei in skerp meske moast ik in skraske yn it ear meitsje en in dripke bloed op in stripke fange dat yn in apparaatsje siet. Geandewei de dei waard dy wearde hieltyd heger en Timmy wie sa fleurich as wat. De bistedokter sei dat wy gelok hiene omdat er sa grut en swier is want hie er in lyts hûntsje west dat hie it wolris hiel oars ôfrinne kinnen. Jim begripe wol dat it al mei al in djoer potsje B12 wurden is, mar ik wie ferromme dat ús lobbes noch libbe!

De twadde Pinksterdei siet ik efkes efter de kompjûter om myn mail te tsjekken en doe die bliken dat ik in pear Balenciaga sneakers fan 795 euro besteld hie by de DefShop. Alles stie op myn namme, ek it ôfleveradres en it soe efterôf betelle wurde mei Klarna. Ik begriep der hielendal neat fan mar aldergeloks wie der gjin jild fan 'e bankrekken ôfskreaun. De tiisdeitemoarns hie ik al trije pear sneakers besteld en stie der in bedrach iepen fan mear as 2300 euro, dus ik haw dy hiele dei sawat dwaande west dit op te lossen.

De DefShop reagearre net op de mail en naam de telefoan ek net op. By Klarna hiene se aldergeloks al in goede service. Dêr seine sy dat ik slachtoffer wurden wie fan identiteitsfraude en dat sadree't de pakketsjes ferstjoerd wurde, de fraudeurs nei alle gedachten de track & trace koaden feroarje sadat sy de sneakers krije en ik se betelje kin. Aldergeloks namen sy it hiel serieus en ik haw in ôfspraak makke om oanjefte by de plysje te dwaan.

It wachtwurd fan myn email-account moast ek feroare wurde. Dat slagge net rjocht dus, doe haw ik mei de kompjûter nei de winkel west mar dêr krigen se it ek net foarinoar. Ik moast earst kontakt sykje mei Ziggo en al mei al kostet sa'n kloate-akkefytsje in soad enerzjy. Ik wie suver wer oan fakânsje ta en wylst ik dit skriuw is it mystearje noch net oplost, mar aldergeloks binne gjin djoere sneakers mear op myn namme besteld.

Dizze kear hie ik mear drokte nei as fóar de fakânsje op Ibiza, dêr't ik te hearren krige dat dit myn lêste stikje wurde sil. Ik wol jim betankje foar it harkjen nei, of it lêzen fan, myn kollums en foar alle wurdearring en reaksjes geandewei de jierren! Ik sil jimme misse en winskje de nije kollumnisten in soad sukses ta!"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)