Flearmûzetelling moat ferskillen tusken stêd en plattelân bleatlizze

28 maaie 2021 - 07:20

De Zoogdierenvereniging ropt minsken op om freed en sneon mei te dwaan mei de Nationale Vleermuistuintelling. De feriening wol safolle mooglik gegevens sammelje om in byld te krijen fan de fersprieding fan flearmûzen. Ek wol men mear witte oer de ferskillen tusken stêd en plattelân.

In lytse flearmûs (dwergvleermuis) - Foto: Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)

"De makkelijkste manier om dat te onderzoeken is om de mensen zelf te laten tellen," fertelt Erik Korsten fan de Zoogdiervereniging. "Het is net zoals bij de tuinvogeltelling, je noteert hoeveel dieren je maximaal tegelijkertijd hebt gezien in de tuin. We hebben een zoekkaart waarop je kunt zien welke soorten bij welke silhouetten en vlieggedrag horen."

Soarten

Yn Nederlân komme der 18 soarten flearmûzen foar. Korsten: "Met de boombewonende vleermuizen gaat het best wel goed, dat zijn de soorten die overdag in holle bomen zitten en in de winter vaak in ondergrondse ruimten overwinteren. Maar met de soorten die overdag in woningen of andere panden verblijven, daar gaat het wat minder goed mee."

Yn 2013 is der in offisjele list mei Fryske nammen foar flearmûzen opsteld, yn gearwurking mei de Fryske Akademy. Dêr binne alle nammen op te finen, lykas de langwjukflearmûs, de franjesturt en de lytse hoefizernoas. Dizze list is hjir te finen.

Flearmûzen smite ek in goede yndikaasje op foar hoe natuerfreonlik in omjouwing is. Yn in omjouwing mei in soad grien, wetter en donkere nachten, komme ek mear flearmûzen foar.

Hongerwaar

Korsten ferwachtet wol dat flearmûzen har dit wykein sjen litte, nettsjinsteande it wiete en kâlde waar. "De dieren hebben het niet zo goed gehad dit voorjaar, dus als het vanavond droog is rond zonsondergang, dan zullen ze zeker gaan vliegen om te jagen. Want ze hebben ontzettende honger."

Minsken kinne it bêste krekt foar sinne-ûndergong yn de tún sitten gean, seit hy. "Op een plak waar je zoveel mogelijk van de blauwe lucht kunt zien. Vanaf zonsondergang mag je dan tot een uur lang vleermuizen tellen." Alle tips en de sykkaart binne werom te finen op de webside fan de telling.

De resultaten wurde takom tongersdei bekend makke.

Erik Korsten fan de Zoogdiervereniging

(Advertinsje)
(Advertinsje)