Johan de Jong makke ús 36 jier entûsjast foar natuer: earegast yn Op & Ut

28 maaie 2021 - 06:19

"Myn bedoeling wie om de minsken entûsjast te krijen foar de natuer." Johan de Jong (80) hat sa'n 36 jier in fêste meiwurker west foar Omrop Fryslân. Hy hold de harkers alle wiken op 'e hichte fan it nijs út de natuer, mei bysûndere waarnimmingen en it gedrach fan allerhanne fûgels. As earegast is De Jong sneon foar it lêst te hearren en te sjen yn in spesjale útstjoering fan Op & Ut.

"Yn de tún is safolle te belibjen"

Johan de Jong wie foar it earst op de Fryske radio te hearren op 18 augustus 1984, yn in reportaazje oer syn tsjerkûlen dy't yn finzenskip aaien lein hiene. Dat wie earder nea earne bard. De Jong hold earst op de souder fan it Drachtster Lyceum en letter thús in pear ûlen. Dy reportaazje wie it begjin fan in natuerrubryk dy't alle wiken op de radio te hearren wie.

Biologylearaar

Hy wie biologylearaar op it Drachtster Lyceum en fûn (en fynt it noch altyd) yn syn deistich wurk tige wichtich om jong en âld de leafde foar bisten en planten by te bringen. "Dan begjin ik altyd by de tún, wat sjogge je om je eigen hûs hinne. It is hiel wichtich dat sy de eagen iepen hawwe. Dan is der safolle te belibjen."

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân giene faak mei Johan op 'en paad, op syk nei bysûndere ferhalen út de natuer. Fan de start fan Op & Ut ôf hat Johan de Jong alle wiken in tige populêre natuerrubryk hân op 'e radio. Hast eltsenien ken him.

Fryske fûgels

Johan wurdt alle dagen belle troch minsken dy't in bysûndere natuerwaarnimming dien hawwe. Bysûnder is ek dat Johan fan alle fûgels yn ús provinsje de Fryske namme wit.

Op 29 maaie is it de lêste kear dat Johan de Jong as fêste gast oanskoot yn Op & Ut. Mar de dei fan dit ôfskie litte we net samar foarby gean. Trije oeren lang is hy de earegast yn in radio- en tv-útstjoering, mei as sintraal tema de natuer, dêr't hy sa fan hâldt.

Mei spesjale gasten, in kwis mei de harkers, reportaazjes út it argyf en it opheljen fan oantinkens sil dit programma in oade oan Johan wurde. Op & Ut, sneon 29 maaie fan 09.00 oant 12.00 oere.

Tsjerkûlen

Op it mêd fan tsjerkûlen is Johan de Jong dé lanlike autoriteit. Hy hat fjouwer boeken skreaun oer syn favorite fûgel en is likegoed nasjonaal as ynternasjonaal ûnderskieden foar syn ûndersyk en ynset foar de tsjerkûle. Al mear as 50 jier is hy it boechbyld fan de Fryske en letter ek Nederlânske tsjerkûlewurkgroep.

Yn 1979 wienen der yn Nederlân noch mar 100 briedpearen. Under lieding fan Johan de Jong sette in groeiend tal frijwilligers him yn foar de beskerming fan de tsjerkûle. Op it stuit briede der in pear tûzen pearkes yn ús lân. Sûnder de ynset fan Johan de Jong wie de tsjerkûle sa goed as wis útstoarn yn Nederlân.

Harkje nei de earste reportaazje mei Johan de Jong fan 18 augustus 1984. De ferslachjouwer is Marten van Kammen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)