Noed oer agresje by miljeustrjitte Frjentsjer: sels plysje is wol ynset

28 maaie 2021 - 06:38

De FNP yn Waadhoeke hat noed oer agresje by de miljeustrjitte fan Omrin yn Frjentsjer. Somtiden moat de plysje der sels oan te pas komme, sa skriuwt de fraksje. De agresje soe te krijen hawwe mei in grutter tal minsken dat nei it stoart giet en tagelyk langere wachttiden fanwege de coronamaatregels.

De miljeustrjitte yn Frjentsjer - Foto: FNP Waadhoeke

Op it miljeuterrein binne mar in beheind oantal auto's tastien. Dêrtroch ûntsteane der rigen. Minsken binne ek mear thús en hawwe mear tiid om putsjes te dwaan. Dêrtroch nimt ek it ôffal ta.

Ofreagearje op meiwurkers

De wachttiden kinne somtiden oprinne ta in oere. Guon minsken reagearje harren ôf op de meiwurkers. Dy dogge harren bêst, troch bygelyks ekstra minsken yn te setten, mar wachttiden binne net foar te kommen.

Neffens Hans Nauta fan de fraksje fan de FNP is de agresje 'not done.' Hy hat fragen oan it kolleezje steld en hopet dat bygelyks in ôfspraaksysteem helpe kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)