Fryslân moat op it rântsje sitte foar in leger RIVM-risikonivo

28 maaie 2021 - 06:20

Yn de ôfrûne wike is it tal sikehûsopnamen as gefolch fan it coronafirus yn Fryslân wer krekt wat omheech gien. Ferline wike wienen it der 13, dizze wike binne it der 16. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM. It tal besmettingen is mei 674 wol omleech gien, ferline wike gie it noch om 927 besmettingen. Mei de nije sifers moat Fryslân hurd op wei wêze nei in leger risikonivo fan it RIVM.

Foto: Omrop FryslânOmrop Fryslân, Aise van Beets

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Ljouwert: it giet om 133 besmettingen. Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân mei 71 en Smellingerlân mei 59 besmettingen.

Omrekkene measte besmettingen yn Dantumadiel

Omrekkene nei it tal ynwenners sjit de gemeente Dantumadiel der boppeút. Dêr wiene de ôfrûne wike 238 besmettingen op 100.000 ynwenners. It giet dêr yn absolute oantallen om 45 besmettingen.

It risikonivo 'ernstig' jildt as der tusken de 100 en de 250 positive testen op 100.000 ynwenners yn de wike fêststeld wurde én as der sprake is fan tusken de 16 en de 27 sikehûsopnamen op 1 miljoen ynwenners de wike.

Mei it coronadashboard fan de oerheid wurdt om de twa wiken bepaald oft in risikonivo yn in Veiligheidsregio ek feroare wurde moat. Op 27 maaie binne der foar it earst twa regio's yn Noard-Hollân offisjeel ôfskaald fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig.'

Risikonivo RIVM

Mei mear as 250 besmettingen op 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dat is yn Fryslân foar it earst sûnt tiden net mear it gefal. Fryslân soe dus op it rântsje sitte fan in oar risikonivo, as ek de sikehûssifers trochsette.

As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 op 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'. Dat jildt foar de gemeenten Dantumadiel, Weststellingwerf, Amelân, Noardeast-Fryslân, Opsterlân, Ljouwert en De Fryske Marren.

Yn de gemeente Flylân binne ôfrûne wike hielendal gjin nije besmettingen fêststeld.

Maatregels tsjin it coronafirus yn it MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Mear as 42.000 Friezen hawwe corona hân

Mei de 674 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 42.808 Friezen it coronafirus fêststeld.

It tal stjergefallen is mei twa dizze wike yn Fryslân ien minder as de wike derfoar. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 475. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM Coronavirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)