Nij toerismekantoar Ljouwert komt nei alle gedachten yn OBE op it Aldehoustertsjerkhôf

27 maaie 2021 - 22:36

Der komt dochs wer in nij toerismekantoar yn Ljouwert. It plan is om it nije saneamde Visitor Center Leeuwarden úteinlik yn OBE te fêstigjen, it gebou op it Aldehoustertsjerkhôf. Earst moat it nije kantoar lykwols tydlik útwike nei it âlde pân fan de Free Record Shop op it Saailân.

Besikerssintrum Obe, sintrum foar literatuer, taal en keunst oan it Aldehoustertsjerkhôf - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

No't de coronamaatregels stadichoan ferromme wurde, wol de gemeente dat toeristen fan begjin juny ôf in plak ha dêr't se telâne kinne. Om't der op dat momint in eksposysje yn OBE is, moast der in tydlik ûnderkommen fûn wurde. Dat is fûn oan it Zaailân.

Yn april dit jier giene de doaren fan it âlde VVV ticht, om't it alle jierren 60.000 euro ferlies hie. De húsfêsting fan it nije toerismekantoar moat goedkeaper wurde mei dizze nije lokaasje. Der komme fjouwer meiwurkers tydlik yn tsjinst.

Wethâlder Bert Wassink fan Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)