Mooglik âldste minsklike resten út Dokkum opnij begroeven
In opmerklike herbegraffenis yn Dokkum tongersdei: minsklike rêsten, dy't trije jier lyn fûn binne by wurksumheden oan de Markt yn de stêd, waarden tongersdeitemiddei opnij begroeven. Dat barde by it begraafplak oan it Zuiderbolwerk yn Dokkum.
De resten binne nei alle gedachten de âldste dy't ea troch archeologen yn de stêd oantroffen binne. Se komme út de sânde of achtste iuw nei Kristus. De minsklike resten binne sammele yn in knekelgrêf. Dat waard tongersdei offisjeel ûntbleate.
"In deze grafkelder rusten beenderen van Dokkumers die ooit op de Markt op 't oude kerkhof begraven werden", sa falt te lêzen op de stien. Inkelde hûnderten jierren lyn wie der in begraafplak op it plak fan de hjoeddeiske Markt. Der lizze ek noch resten fan in kleaster, mei abdijtsjerke en toer.
Neffens archeolooch Marlies van Kruining binne de minsklike resten mooglik de âldste fan Dokkum. "We hebben ze laten dateren met de koolstof 14-methode. Daaruit volgt dat ze uit de zevende of achtste eeuw na Christus moeten komen."
"Al fan foar Bonifatius"
De histoaryske stichting Historia Doccumensis wie ferrast troch de datearring fan de resten. "Dat betsjut eins dat der al foar Bonifatius hjir yn Dokkum op 'e terp begroeven waard", leit Warner Banga fan de stichting út. "En dat is wol ferrassend, fyn ik."
As der yn de takomst wer minsklike resten yn Dokkum fûn wurde, sille dizze ek in plak krije op it begraafplak by it Zuiderbolwerk yn 'e stêd.