Sicko Heldoorn oan de slach as waarnimmend boargemaster fan Heemskerk

27 maaie 2021 - 21:25

Politikus Sicko Heldoorn wurdt waarnimmend boargemaster fan de gemeente Heemskerk, yn Noard-Hollân. Hy folget dêr Mieke Baltus op, dy't foardroegen is as boargemaster fan Lelystêd.

Foto: Omrop Fryslân

De 64-jierrige Heldoorn wie de ôfrûne jierren faker aktyf as waarnimmer yn Noard-Hollân. Sa wie hy waarnimmend boargemaster yn de gemeente Waterland (2020-2021) en de gemeente Huizen (2018-2019). Dêrfoar wie hy waarnimmer yn Dantumadiel (2014-2017).

Fan 1992 oant 2002 wie hy deputearre yn Fryslân, wêrnei't hy boargemaster waard yn Opsterlân (2002-2007). Heldoorn begjint op 24 juni by de gemeente Heemskerk.

Neist polityk aktyf is Heldoorn ek foarsitter fan de IFKS (Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen).

(Advertinsje)
(Advertinsje)