Einlik dúdlikheid oer 15 miljoen euro subsydzje foar brune float

27 maaie 2021 - 19:51

Der is lang om let dúdlikheid oer de stipe fan 15 miljoen euro foar de brune float. Dat skriuwt steatssekretaris Mona Keijzer yn in brief oan de Twadde Keamer. It jildbedrach wie al yn augustus 2020 tasein, mar oant no ta wie noch altyd net dúdlik wa't derfoar yn oanmerking kamen en hoe't it jild ferdield wurde soe.

Protest brune float foar Pampus - Foto: Nynke Elzinga

By it berekkenjen fan de hichte fan de subsydzje wurdt sjoen nei de ynkomsten yn de perioade fan 1 april 2020 oant en mei 31 desimber 2020 yn fergelyk mei dyselde perioade yn 2019. Wol moatte skippers dy't yn oanmerking komme wolle foar stipe oan in pear betingsten foldwaan.

Maksimaal 124.999 euro per skipper

Sa moat it omsetferlies op syn minst 30 prosint wêze. Ek moatte sy 1000 euro of mear kwyt wêze oan fêste lêsten. Fierder moat it skip dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt âlder wêze as fyftich jier.

By de oanfraach foar subsydzje komt in yngewikkeld rekkenmodel om 'e hoeke sjen. It komt derop del dat it maksimumbedrach foar subsydzje 124.999 euro per skipper is en net mear dan de helte fan it totale omsetferlies bedrage mei.

"No mar posityf foarút sjen"

Skipper Eelke Dijkstra hat de Keamerbrief fan de steatssekretaris ek lêzen. "We hawwe no in regeling en dat sjocht der goed út. As ik de regeling sa sjoch tink ik wol fan wêrom hat it sa lang duorre, mar klear. Litte wy mar posityf foarút sjen."

Neffens Dijkstra wie de sektor ta oan goed nijs. "De need is echt heel, heel heech. It wetter stiet ús net oan 'e lippen, guon skippers witte net iens mear dat se lippen ha. Mar út de brief fan Mona Keijzer blykt hoe wichtich se ús fynt as histoarysk erfgoed. Dêr kinne wy echt fierder mei. Mar it sil noch wol in lestich jier bliuwe, want sa lang wy oardel meter ôfstân hâlde moatte, kinne wy as brune float noch hieltyd net folle. Mar dizze regeling docht ús yn elk gefal goed."

De regeling giet nei alle gedachten ein juny iepen. Fan dat momint ôf kinne skippers harren oanmelde foar de subsydzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)