Bouboeren rinne wiken efter troch it wiete waar: "Lit de drûchte mar komme"

It wiete waar soarget foar fertraging by de bouboeren. Sa rinne de ierappelboeren wiken efter op skema, mar ek it plantsjen fan biten en sipels is noch in dreech barren yn dizze tiid. De planten moatte hast in swimbroek oan. "We reitsje net fuort yn panyk," sa seit Fokke de Jong út Ternaard. "Mar der moat no wol drûchte komme."
"Trekkers rinne fêst yn it lân"
"Kyk, hjir sjochst it al wiet en sompich wurden," begjint Fokke de Jong syn ferhaal wylst hy oer syn stik bougrûn rint. De ierappels steane der al yn, mar wol wiken letter as dat pland wie. "Gewoanwei is dat earne healwei april. No is it trije of fjouwer wiken letter wist. Dus dat is wol efkes in probleem want je ha dan minder tiid foar de risping. Se moatte wol de tiid krije om te groeien."

'Minder ierappels, dus minder opbringst'

De Jong hâldt syn ferhaal efkes stil en bûcht nei in lyts grien plantsje yn de grûn. "Dit is sa'n ierappel," seit der wylst hy de klaai deromhinne ôfhellet. "Dit hat wol inkelde gefolgen foar de opbringst aanst. Gewoanwei komme der in soad ierappels op in plantsje, mar no is dat ôfwachtsje. Je hawwe minder ierappels en dus minder opbringst."
Net allinnich de priis is in probleem, mar it wiete waar soarget ek nochris dat de boeren dreech wurkje kinne. "Moatst dy foarstelle om no mei in trekker it lân yn te gean. Komst net in meter mear fierder op in bepaald momint. Je ride hielendal fêst. Allinnich dêrom moatte wy rap moai en drûch waar ha."
Bouboer Fokke de Jong © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De ierappels binne net de iennige dy't dit jier de swimbroek oandwaan moatte. Oare gewaaksen, lykas de biten, ha it swier. "Het scheelt toch groeidagen," seit Teun de Jong. Hy is foarsitter fan de Nederlandse Akkerbouwers Vereniging en hat sels ferskate rispingen.
Gewoanwei soe syn stik bougrûn grien wêze fan de biten dy't bloeie, mar no is noch foar 90 prosint swart fan de blabze. Hy hat fan in tal boeren heard dat sy rap sinne brûke kinne.
"Al dat verlies is straks moeilijk in te halen. Het zal dus altijd wel opbrengst kosten. Je bent ondernemer en je weet wel dat het weer altijd parten speelt, maar liever niet. Droogte is soms beter dan nat weer. Dan is het meer aanpassen voor zo'n plantje. Maar we moeten niet teveel zeuren. Het lijkt mooi weer te worden en zoals men altijd zegt: na regen, komt zonneschijn."
Bougrûn mei biten stiet fol wetter © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Teun de Jong