Wa moat de stikjes sinnepaniel yn de omjouwing fan Noardburgum opromje?

In wike nei de brân by Van der Wal Hout yn Noardburgum is noch hieltyd ûndúdlikheid oer wat der barre moat mei de stikjes sinnepaniel dy't yn de omjouwing telâne kaam binne. Ynstânsjes ha gjin dúdlik sicht by wa't de ferantwurdlikheid leit om te kontrolearjen wat der mei de sinnepanielen bart en wa't de skea betelje moat.
© Noordernieuws/De Vries Media | Mariska Sipma
Ynstânsjes sitte yn in lestige posysje troch de gefolgen fan de brân yn Noardburgum fan ferline wike tongersdei. De gemeente Tytsjerksteradiel jout oan dat it noch nea earder foarkaam is yn Fryslân dat der, ferspraat oer in grut gebiet, dieltsjes fan sinnepanielen telâne kaam binne. De gemeente wit dêrom net hokker partij tafersjoch hâlde moat wat der mei dizze dieltsjes bart.
Foaral by de boeren yn de omjouwing kin dit foar problemen soargje. In tal boeren ha oanjûn by Omrop Fryslân dat sy, nei it opromjen fan harren lân, harren kij gewoan bûten rinne litte.
Wa moat de stikjes sinnepaniel yn de omjouwing fan Noardburgum opromje?
Ek nei it meanen fan it gers kinne der noch stikken sinnepaniel yn it gers sitten bliuwe of op it lân lizzen bliuwe. Mar oft de boer syn gers ferneatigje lit of it lân skjinmeitsje lit, wurdt net op tasjoen op dit stuit.

Rutten

Yn it plakje Rutten yn Flevolân rûnen se augustus ferline jier tsjin itselde probleem oan. Ferslachjouwer Cindy Keijzer fan Omroep Flevoland kaam der ek efter dat elke ynstânsje wer nei in oar wiisde as it gong oer de kontrôle.
Uteinlik ha it RIVM en de omjouwingstsjinst gearwurke om de gewaaksen te ynspektearjen en is der beoardiele of it skealik wêze kin.
Nei oanlieding fan dy situaasje binne der yn augustus keamerfragen steld troch it CDA. Ferantwurdlik minister Eric Wiebes hat doe sein dat der mear ûndersyk komme soe. Dat rint no, mar tsien moannen letter witte de ynstânsjes noch hieltyd net wat se dwaan moatte yn sa'n situaasje.

Wannear in protokol?

Tongersdei wurde troch Twadde keamerlid Agnes Mulder opnij keamerfragen steld oan minister Blok fan Economische Zaken en Klimaat, nei oanlieding fan de brân by Van der Wal. De wichtichste fraach is wannear der in protokol komt foar de belutsenen partijen hoe om te gean mei dizze problematyk.