Cambuur presintearret lang om let Marco Tol

It wie eins al dúdlik, mar de hantekening stiet no ek ûnder it kontrakt. Ferdigener Marco Tol stapt oer fan FC Volendam nei SC Cambuur. Tol hat in kontrakt tekene foar trije jier by de Ljouwerter fuotbalklup.
© Henk Jan Dijks Fotografie
Tol waard earder al medysk goedkard by Cambuur. De sintrale ferdigener hat in ôfrinnend kontrakt en koe dus transferfrij oerkomme.
Tol makke yn septimber 2017 syn debút by Volendam. Cambuur wie al in skoftke dwaande mei de ferdigener: yn april sei technysk manager Foeke Booy al dat der in persoanlik akkoart wie.