Waadferiening docht oprop oan nije kabinet: hâld op mei gaswinning op it Waad

27 maaie 2021 - 16:10

De útspraak yn de rjochtsaak tsjin Shell, dy't koartsein ynhâldt dat it bedriuw der op koarte termyn mear oan dwaan moat om de CO2-útstjit werom te bringen, soarge woansdei foar blydskip by de Waadferiening. No ropt de Waadferiening it takomstige kabinet op om in streek te setten ûnder de gaswinning op it Waad.

Foto: Remco de Vries

"Ondanks onze blijdschap moeten we alert blijven", skriuwt de Waadferiening. "Want op dit moment heeft de Minister van Economische Zaken en Klimaat nog steeds serieuze en zeer ver gevorderde plannen om NAM toestemming te geven nog meer aardgas te gaan winnen onder Werelderfgoed Waddenzee."

Dêrom docht de Waadferiening no de driuwende oprop oan it nije kabinet om op te hâlden mei de gaswinning op it Waad. "Want een dalende bodem over een stijgende zeespiegel, dat is niet wat je wilt onder Nederlands enige natuurlijk Unesco Werelderfgoed", skriuwt de Waadferiening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)