Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân wer boppe de 100

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 111 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 25 mear as woansdei, doe't it der 86 wiene. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 97 besmettingen registrearre.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (25), dêrnei komme Waadhoeke (11) en Hearrenfean (10).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Wol binne der acht Friezen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 3.426 nije coronagefallen registrearre. Woansdei wiene dat der 2.794.

Ferrommingen op 5 juny

It kabinet set op 5 juny in nije stap mei it ferromjen fan de coronamaatregels. Watfoar maatregels skrast wurde, beslút it kabinet freed. Dat hat demisjonêr minister Hugo de Jonge sein. Freedtejûn jout it kabinet fierdere taljochting.
Earder soe de nije faze yn it 'iepeningsplan' op 9 juny wêze, mar De Jonge fynt dat it earder kin, omdat it mei de sifers de goede kant op giet.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.