Gemeente Hearrenfean: miljoenetekoart driget, mar Thialf bliuwt oerein

28 maaie 2021 - 06:17

As der neat feroaret, rint it finansjele tekoart fan gemeente Hearrenfean de kommende jierren op nei acht miljoen euro. Dat meldt de gemeente. Om takom jier swarte sifers te skriuwen moat de gemeente mar leafst 5,8 miljoen euro ombûge.

Foto: ANP

De finânsjes steane ûnder druk, seit wethâlder Hedwich Rinkes. "Alle ynwenners fan de gemeente sille fernimme dat de gemeente besunigje moat. It is net leuk, mar ús húshâldboekje moat wol op oarder."

Neffens de wethâlder komt der net genôch jild út Den Haag. "De kosten yn de Jeugdsoarch en de Wmo geane omheech. Dat kin lang net betelle wurde mei wat wy dêrfoar foar it Ryk krije." Rinkes hat dêrom konsept-begruttingen foar 2023 en 2024 makke mei in finansjeel gat fan oardel miljoen. De wethâlder tidiget der op dat it nije kabinet de útkearing oan de gemeente ferheget. As dat net bart sil de gemeente de kommende jierren noch mear besunigje moatte.

Pynlike besunigingen

It kolleezje komt no mei besunigingsfoarstellen, mar der komt wol jild frij foar Thialf. Yn 2022 soe de gemeente minimaal 200.000 euro op it kleed lizze moatte, en fan 2023 ôf 400.000 euro. Earder konkludearre in ûndersykskommisje dat Thialf net oerein te hâlden is sûnder stipe fan de oerheid. It provinsjebestjoer hat al sein ree te wêzen ta de bûse te gean. Wethâlder Rinkes heakket der oan ta dat sy hopet dat ek it Ryk bydraacht oan Thialf. "It iisstadion is in foarsjenning foar hiel Nederlân. It is dan net ridlik dat allinnich Hearrenfean en Fryslân dêr foar opdraaie."

Ferslachjouwer Onno Falkena by wethâlder Hedwich Rinkes

It histoaryske bestjoerssintrum fan de gemeente Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster en wethâlders fan Hearrenfean hawwe no meardere plannen betocht om jild te besparjen. Dit binne der in pear.

  • Parkearbelesting omheech
    Parkearje yn Hearrenfean wurdt djoerder, foar besikers en foar ynwenners. Boppedat soe der tenei jûns ek foar it parkearjen betelle wurde moatte.
  • Unreplik Saakbelesting omheech
    It taryf foar de wichtichste gemeentlike belesting giet mei 7,5% omheech. Dit kostet in trochsneed huzebesitter in pear tientsjes yn't jier.
  • Snije yn it oantal amtners
    De gemeente wol it tal formaasjeplakken by de gemeente mei 10 werombringe troch effisjinter te wurkjen.
  • Besunigje op kultuer
    De kulturele ynstellings moatte meiïnoar 2 ton besunigje troch mear gear te wurkjen en effisjinter te wurkjen.
  • Beammen minder faak snoeie
    No noch wurde de beammen yn de gemeente om de trije jier ûnderholden. Dat soe ek wol ien kear yn de fiif jier kinne.
  • Strjitlampen net mear himmelje
    Om de safolle tiid wurdt de iepenbiere ferljochting skjinmakke. Algen en oanslach wurdt fan de mêsten ôfhelle. Dat hoecht net, as de smoargens net fan ynfloed is op it ljocht.
  • Minder faak struie
    Yn de begrutting is jild opnaam foar 30 struibeurten yn ien winterseizoen, mar mei de relatyf sêfte winters fan de ôfrûne jierren, en de kâns dat dat waarbyld trochset, soene dat ek wol 20 struibeurten wurde kinne.
  • Fontein fuorthelje
    De fontein oan de Lindegracht soe fuorthelle wurde kinne, of eventueel útset. De fontein kostet no alle jierren in pear tûzen euro.

De befolking fan de gemeente Hearrenfean kin op de website fan de gemeente reagearje op de besunigingsfoarstellen. De gemeenteried sil hjir yn july oer prate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)