Seis wiken lang opûnthâld ferwachte by A32 It Hearrenfean

27 maaie 2021 - 14:57

It ferkear fan en nei It Hearrenfean moat dizze simmer rekken hâlde mei in soad omliedingen en opûnthâld. Rykswettersteat sil dan nammentlik de nije rotonde njonken de A32 ferbine mei de grutte yn- en útfalsdiken.

De nije oprit nei de A32 - Foto: Omrop Fryslân

Der wurdt al mear as in jier hurd wurke om de tagong ta It Hearrenfean better te meitsjen foar it autoferkear. Op dit stuit steane der noch meardere ferkearsljochten, mar fan ein augustus ôf moatte dizze ferfongen wêze troch in grutte rotonde en meardere útfalsdiken.

Yn de ôfrûne moannen is ûnder oare de rotonde al oanlein, en is ek it fiadukt fan de A32 ferbrede foar de nije situaasje.

De rotonde moat lykwols noch wol ferbûn wurde oan de oare diken. It giet dan om de op- en ôfrit nei de A32, de K.R. Poststrjitte, de Mercurius en de Venus.

De gemeente Hearrenfean ropt minsken op om harren webside yn de gaten te hâlden foar it lêste nijs oer it opûnthâld en de alternative rûten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)