HEA! De jongste piraat fan Fryslân

27 maaie 2021 - 14:53

Noch mar 13 jier âld, mar no al hat Sjoerd de Vries fan De Westereen syn eigen piratestjoerder. Ut syn túnhokje wei draait de jonge dj 24 oeren deis fleurige Hollânske muzyk. Alle sneonen is Sjoerd live te hearren en kinne harkers fersykplaten oanfreegje. It leafst soe Sjoerd letter fan radio-meitsjen ek syn berop meitsje by in omrop.

HEA! Sjoerd de piraat

(Advertinsje)
(Advertinsje)