Haadfertochten ûntkenne rol yn wapenhannel-saak Easterwâlde

De 35-jierrige haadfertochte fan Easterwâlde en syn rjochterhân ûntkenne in rol te spyljen yn de grutte drugs- en wapenhannelsaak, dêr't de rjochtbank al oardel wike mei dwaande is. It giet om de saak 'Ultegra', dy't spile yn in kringloopwinkel yn Easterwâlde en dêr't 14 fertochten foar oppakt binne.
Hoofdverdachten ontkennen yn Easterwalde
Foar de twa grutste fertochten binne ek twa dagen útlutsen. De rjochtbank hat tongersdeitemoarn ferskate wapentransporten fan de binde trochnaam. De binde helle meast wapens út Kroäsië en ferkocht dy wer troch nei België.

Untkenne

De haadfertochte fan Easterwâlde hâldt lykwols fol dat er gjin grutte rol spilet yn de hannel: "Ik had niets te maken met wapens, het enige wat ik gedaan heb is bemiddelen," sa sei hy.
Ek de rjochterhân fan de man, in Sloveen, wol ek net tajaan. Hy beropt him op syn swijrjocht en as er al wat seit, is it dat it foarleine net wier is of dat it oars sit.

Krúsjale boadskiptas

In wichtige rol spile tongersdeitemoarn lykwols in boadskiptas. De resjerzje hat yn gearwurking mei de Belgyske plysje in ynfal dien yn in flat yn Antwerpen. Dêr binne njonken wapens en fiif hângranaten fûn yn in karakteristike boadskiptas: in jubileumtas dy't útjûn is mei it 95-jierrich bestean fan Poiesz Supermarkten. En fan de haadfertochte fan Easterwâlde sit in foto yn it dossier mei krekt deselde tas.
Dat is wol hiel tafallich, stelt de rjochtbank. De fertochte sels seit lykwols: it sil wol sa wêze, mar ik haw der neat mei te krijen.

Wat is de saak Ultegra?

De saak Ultegra giet om ynternasjonale wapenhannel en ynternasjonale drugshannel. In binde helle wapens út East-Europa, dy't yn Nederlân en België ferhannele waarden. Justysje die ein febrewaris op 17 ferskate plakken ynfallen yn Noard-Nederlân. By de sykaksjes fûn de plysje ûnder oare kalasjnikovs, mar ek oare swiere wapens en drugs. It haadkantoar fan de binde wie neffens it IM de kringloopwinkel yn Easterwâlde.
Op 1 juny komt it Iepenbier Ministearje mei in eask. De útspraak sil wêze op 29 july.

Advokaat

Neffens advokaat Sonny Jansen kinne de rjochters it ferwar fan syn kliïnt net goed parearje. "Ik heb het idee dat het niet lukt om hem of de andere verdachte klem te zetten," seit Jansen. "Er zijn geen concrete aanwijzingen dat hij de spil is, dat hij zijdelings erbij betrokken kan zijn daar doet hij niet onduidelijk over."
Neffens de advokaat beljochtet justysje mar ien kant. "Er zit meer dan één kant aan het verhaal. Er zijn kennelijk andere connecties en andere personen betrokken, die niet direct uit het dossier naar boven kwamen."
Advokaat Sonny Jansen

Kringloopbinde

In kringloopwinkel yn Easterwâlde wie neffens justysje it haadkantoar fan de binde, dy't ynternasjonaal operearre. De fertochten binne ferline jier febrewaris oppakt. De plysje die 17 ynfallen op ferskate plakken. De groep wurdt fertocht fan allerhanne feiten, lykas wapenhannel, fraude, oplichting, fertsjustering. De haadfertochte wurdt ek minskehannel ferwiten, omdat er minsken om him hinne útrûpele.
De haadfertochte wie bindelieder: hy twong respekt ôf troch geweld te brûken. De man wurke earste út syn eigen hûs wei, mar fan 2019 ôf yn de kringloopwinkel. De binde brûkte geheimtaal foar wapens: in hângranaat wie bygelyks in 'appel.'