Fryslân moat waarme fuotten hâlde fia oerflaktewetter

27 maaie 2021 - 11:23

De provinsje Fryslân moat himsels útroppe ta dé akwatermy-provinsje fan Nederlân, dat wol de FNP. Dy fraksje kaam woansdei mei in moasje by de behanneling fan de regionale enerzjystrategy yn Provinsjale Steaten. Waarmte helje út oerflaktewetter, dat is it idee fan 'akwatermy,' oftewol wetterwaarmte.

Foto: Shutterstock.com (Alena Ozerova)

FNP-Steatelid Rein van der Wal leit út wat akwatermy no krekt is: "Akwatermy is in nije technyk dêr't se op dit stuit op in tal plakken yn Fryslân mei eksperimintearje. Yn Heech, Balk en yn Ljouwert wolle sy der ek mei los. Mei de technyk wurdt waarmte út oerflaktewetter wei helle."

Simmerdeis wurdt it wetter opwaarme troch de sinne. "Dy waarmte kinne je der út helje en opslaan yn in WKO: in waarmte-kjeld opslach. Fia in lokaal waarmtenet kin it dan wer nei huzen en kantoaren brocht wurde," seit de FNP'er.

Doarpen yn 'e rige

Neffens Van der Wal is der in soad ferlet fan yn ús provinsje. "Wy hawwe ek op besite west by Stichting Doarpswurk. Dêr is ús ek sein dat der noch wol tsien oare doarpen yn de startblokken steane dy't it ek wol wolle. Dat is in moai begjin foar Fryslân."

60 persint fan enerzjyfraach

Wetterwaarmte as boarne fan waarmte kin neffens de partij wol yn 60 persint fan de Fryske enerzjyfraach foarsjen. "Wy wolle Fryslân útroppe ta dé akwatermyprovinsje fan it lân. Dat wurdt ús as FNP wolris ferwiten: jimme hawwe muoite mei wyn op it lân, jimme hawwe muoite mei sinneparken, mar wat wolle jimme dan wól? Wy tinke dat akwatermy goed is foar Fryslân."

FNP-Steatelid Rein van der Wal

De moasje hat stipe fan D66, GrienLinks, PvdA, CDA, Partij voor de Dieren en SP. "Dat betsjut in mearderheid yn de Steaten. Ik leau dat ek deputearre Sietske Poepjes hjir wiis mei is. Mei in mearderheid steane wy folle steviger yn Den Haag en yn Brussel. Want wy wolle graach subsydzje fan it Ryk en fan Europeeske fûnsen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)