Soarchpersoniel Noard-Nederlân is it faakste siik

27 maaie 2021 - 10:54

Soarchpersoniel is yn it noarden fan Nederlân faker siik as yn de rest fan it lân. Dat blykt út ûndersyk fan in bedriuw dat de fersom-data garret.

Foto: ANP

Yn alle regio's gong it syktefersom by soarchmeiwurkers omleech, behalve yn it Noarden. It is net dúdlik hoe't dat kin.

De sifers komme ien dei foardat it kabinet yn in nije parsekonferinsje ferrommingen oankundiget fan de coronaregels.

Ien op de trettjin minsken sit thús

Neffens de ûndersikers wie der yn april in fersompersintaazje fan 7.59 yn Noard-Nederlân. Dat betsjut dat alle dagen hast ien fan de trettjin minsken ôfwêzich is.

Minsken dy't yn thúskarantêne sitte, of wachtsje op de útslach fan in coronatest, binne yn dizze sifers net meinaam. It oantal minsken dat net op it wurk is, is dus noch grutter.

It persintaazje is heger as in jier earder. Yn april 2020 stie it op 7.09 persint. Dat is opfallend, omdat yn de rest fan Nederlân it fersompersintaazje daalde.

'Extreem hoge druk'

Sikehûzen riede har ta op it ynheljen fan behannelingen dy't troch de coronadruk útsteld binne. Se fine it belangryk om dêrby rekken te hâlden mei it personiel.

Dokters, ferpleechkundigen en oare meiwurkers "werken al meer dan een jaar onder extreem hoge druk om de zorg aan corona- en niet-coronapatiënten in de lucht te houden", seit foarsitter Ad Melkert fan de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen (NVZ) tsjin in ANP.

(Advertinsje)
(Advertinsje)