Dalstra Reizen sjocht foarút: "60-plussers hawwe wer betrouwen yn fakânsje"

27 maaie 2021 - 10:12

Ferfiersbedriuw Dalstra Reizen fan Surhústerfean waard op 22 septimber ferline jier fallyt ferklearre troch de rjochtbank. It is ien fan de bekendste Fryske bedriuwen dy't troffen is troch it coronafirus. Mar yn oktober waard bekend dat der in trochstart komme soe en no't der ferrommingen oan komme, binne de earste boekingen foar fakânsjereizen wer binnen.

Johan Dalstra - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

"It liket in stik positiver as yn septimber," seit in ferromme direkteur Johan Dalstra. "Minsken hawwe der betrouwen yn dat sy ynkoarten wer nei Dútslân en Eastenryk kinne. De 60-plussers, dêr't wy in soad foar wurkje, foarmje ek de kategory dy't al faksinearre is. Sy ferwachtsje dat it aanst wer kin: sy doare it wer oan."

Direkteur Johan Dalstra

Dizze groep hat ferline jier ek net op fakânsje west, seit Dalstra. "Dus sy wolle der op út. Benammen yn july en augustus wolle de minsken wer op reis."

Skoallen

Ek komme der mear oanfragen út it ûnderwiis wei. "Op dit stuit komme de skoalreiskes wer, om't de attraksjeparken wer iepen binne. Der wiene noch wol wat ritsjes, lykas gymnastykferfier en swimlesride. Mar wy hawwe yn 'e haadsaak stilstien de ôfrûne tiid."

Risikokleuren fan lannen

Dalstra hâldt de reisadvizen fan it kabinet goed yn de gaten. It ministearje fan Bûtenlânske Saken jout lannen in kleurkoade: feilige lannen binne grien of giel, lannen mei in heger risiko oranje of sels read. "Mar der komme ferrommingen oan, dus dat liket posityf," seit Dalstra. "De akkommodaasjes steane ek al mear as in jier stil, dus sy wolle ek graach wer minsken ûntfange."

Je binne wol foarsichtich nei in fallisemint, mar je moatte de takomst mar posityf yn 'e mjitte gean. Wy wolle graach werom nei it âlde nivo.

Direkteur Johan Dalstra

Earder hie it bedriuw in soad personiel. Dat is no wol oars. Allinne Johan Dalstra en syn âlden binne noch oer. "Wy hiene fansels earder hope dat der mear mooglik wie. Mar no sjogge je op syn minst wer in ljochtpuntsje oan de ein fan de tunnel."

Dalstra doart sels wifeljend nei te tinken oan it wer ynhieren fan personiel. "Wy moatte wol sjen hoe rap it allegearre giet en wat der mei. Je binne wol foarsichtich nei in fallisemint, mar je moatte de takomst mar posityf yn 'e mjitte gean. Wy wolle graach werom nei it âlde nivo."

Wolsto witte nei hokker lannen je op dit stuit op fakânsje meie, sjoch dan hjir nei de kaart mei kleurkoaden en hjir foar de reisadvizen fan it ministearje fan Bûtenlânske Saken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)