Boargemaster tinkt oer stekken om Prinsetún nei gedonder op Keningsdei

Boargemaster Sybrand Buma fynt dat der neitocht wurde moat oer it werombringen fan de stekken, dy't earder om it Ljouwerter stedspark Prinsetún hinne stiene. Dat sei er yn in riedsfergadering oer de sitewaasje op Keningsdei. Doe wie it sa drok yn it park, dat plysjes yngripe moasten. Neidat der mei flessen smiten waard, luts de plysje him werom.
Sjoch hjir nei bylden fan Keningsdei:
De gemeente waard oerfallen troch de drokte yn de Prinsetún, sei de boargemaster. It waar wie better as ferwachte en dêrtroch kamen der mear minsken.
Op it momint dat de plysje yngripe woe, omdat minsken har net holden oan de coronaregels, ûntstie dêr in driigjende sitewaasje. Om eskalaasje foar te kommen, hat de plysje him doe weromlutsen.

Moat de Prinsetún in jachthaven bliuwe?

Buma fynt dat de gemeenteried neitinke moat oer de funksje fan de Prinsetún. "Het is nu een wandelgebied, het is een jachthaven, er zit een restaurant en er wonen mensen tegenover. Zijn dat functies die bij elkaar passen? Dat moet je je wel afvragen."
Hy makket him benammen soargen oer de boatsjeminsken. "We zeggen: 'kom mooi in het centrum liggen met je boot', maar we zeggen niet dat je die nacht niet slaapt. Dat kan niet."

Rellerij Cambuurfeest wie 'folslein oars'

De sitewaasje mei Keningsdei yn de Prinsetún wie net te fergelykjen mei de rellerij op it Saailân, in pear dagen letter, sei de boargemaster yn de ried.
By de huldiging fan Cambuur, op 1 maaie, kaam it dêr ta rellen tusken supporters en de plysje. Plysjes ha it plein doe ûntromme.
It gie der om wei op it Saailân
By it yngripen waard mei stiennen, stuollen en fakkels smiten. In plysje rekke ferwûne oan de holle en is oerbrocht nei it sikehûs. Hy hat der in groede oan oerholden.
Der binne yntusken acht minsken oanholden foar de rellen.
Neffens Buma eskalearde de sitewaasje op it Saailân omdat supporters de plysje bekûgelen mei fjoerwurk. Dêrop is yngrepen.
Yn de Prinsetún wie de sitewaasje folslein oars, sei de boargemaster. "Het park liep leeg toen wij aangaven dat het ontruimd zou gaan worden. Tien minuten later was het leeg."

'Afsluiten gaat heel ver'

Earder stiene der stekken om de Prinsetún, mar dy binne fuorthelle om it park in iepen karakter te jaan. Buma tinkt der oer nei de stekken werom te setten.
De ried moat dêr oer neitinke, seit er. "Afsluiten gaat heel ver," seit Buma, "maar je moet er wel over praten."
De stekken dy't der earder stiene, binne net weirekke, seit Buma. Se lizze noch yn de opslach.