Kollum: "It paad werom"

27 maaie 2021 - 08:12

"Us mem sei dat se de elektryske fytsen fan har en heit dochs mar foar in beurt fuortbrocht hie. Net dat der wat oan mankearre, mar sy fytse der sa'n 3.000 kilometer it jier mei, sei se, dus dan is it wol wichtich. Dit betsjut dat heit en mem yn trochsneed alle dagen fan it jier in lytse tsien kilometer fytse.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Dat binne oan 'e iene kant kilometers dy't sy net mear mei de auto meitsje. En oan de oare kant is it kilometer foar kilometer beweging foar harren. Net dat se oars stil sitte, mar it telt al op, mei 3.000 kilometer it jier.

Ik betankje de útfiner fan de elektryske fytsen op myn bleate knibbeltsjes foar de fynst. Wat in wille hawwe mem en heit fan dizze dingen. En sy net allinnich. Want op pinkstersnein wie ik by harren en fytsten we in rûntsje. De iene nei de oare elektryske fyts fleach ús foarby. Se binne yn Fryslân like rûnom oanwêzich as yn myn wenplak Amsterdam.

De stroom foar dizze dingen moat earne wei komme fansels. By heit en mem lizze sinnepanielen op it dak. Mar dat is foar de nasjonale opjefte om skjinne stroom op te wekken net genôch. Op de Ofslútdyk hie ik al de wurksumheden sjoen oan de 89 wynmûnen dy't yn de Iselmar komme. It mûnepark leveret noch gjin fjirdepart fan wat in kearnsintrale leverje kin. Hie dy der komme moatten by Breesândyk? Ik wit it sa net.

Mei heit en mem fytsten we oer de Ivige Leane, de strjitte mei de moaiste namme fan Fryslân, by de âlde pleats del dêr't ik opgroeid bin. "Takom simmer komme sy oer it spoar," sei ús heit, en hy doelde op de nijbou fan Snits. De stêd bout bûten de Noardwestlike rûnwei, de wei dy't troch heit syn lân hinne oanlein waard doe't ik in jongfeint wie. Der steane no beammen op heit syn lân, it lân dêr't hy, syn broer, myn pake en ek ik o sa op wrotten hawwe foar de pleats, ea.

En wylst ik heal fersûpte yn de nostalgy, realisearre ik my dat wat ik besjoch as hoe't it ea west hat, foar heit net it begjinpunt wie. Hy hat noch meimakke dat de grutte flats fan Snits by it lân fan syn heit boud waarden: de wyk Noorderhoek. En foar de bern fan myn sus is de pleats yn Wytmarsum wer it begjinpunt. Wat is 'hoe't it ea west hat', en wannear wie 'ea'?

Yn 'e auto werom op de Ofslútdyk, harke ik nei in podcast dêr't se gehak makken fan in foarm fan nije romantyk: it fenomeen yn ús tiid dat bot lange wurdt nei eartiids, om't dat eartiids alles better wêze soe: it iten, it miljeu, de romte, alles. Wat fansels ûnsin is. Ik wol net ite wat se yn 'e midsiuwen ieten - doe waarden minsken yn trochsneed fjirtich jier âld en hiene sy konstant pinemûle. Boppedat oerstreamde it lân de hiele tiid. Litte we earlik wêze: alles is no dochs gewoan folle better?

Dus ik kin om nostalgyske redenen wol myn betingsten hawwe by de bou fan Snits, mar huzen bouwe hat altyd heard by de takomst. As ik tsjin de bou fan nije huzen yn Fryslân bin, dan hie ik dochs echt mear wurk meitsje moatten fan bertebeheining, en feitlik bin ik te let. Friezen ferlitte de provinsje, en oaren komme der nei ta. Ik bin ek ûnderdiel fan sokke migraasje. En ik soe it spitich fine as ik aanst net werom komme kin, om't der gjin huzen binne. Ik wit noch goed hoe it Simmer 2000-projekt wie, de grutte Friezereüny. Feestlik waarden alle Friezen dy't útflein wiene oer 'e wrâld ûntfongen. Dizze iepenheid mis ik wolris in bytsje: ferwolkomje ek de minsken dy't yn Fryslân wenje wolle. Ek sy fleane út, mar earne oars wei.

Ik seach by in soad âld pleatskes trampolinen stean - jong libben oan 'e Leane. Yn al dy nije huzen fan Snits wurde ek wer nije Fryske libbens opboud. Ik fyn dat Friezen net yn 'e kontramine sjitte moatte oer it Deltaplan foar wenningbou yn it Noarden. Stel fragen en bemuoi dy dermei, mar sis ja. It is net ienfâldich, mar wa't ús tiden kompleks fynt, moat miskien ris tinke oan 'e midsiuwer, mei syn wiete fuotten en pinemûle. Neat mis mei nostalgysk oer de Ivige Leane fytse, mar wy diene dat op moderne elektryske fytsen, opladen mei sinnestroom, en wat geweldich is dat.

Ik leau dat ik dat noch graach sizze woe. Yn de lytse 250 ferhaaltsjes dy't ik makke haw yn de ôfrûne fiif jier, haw ik myn bêst dien om posityf te wêzen oer foarútgong. Dit wie myn lêste kollum. Yn de takommende tiid heare jo frisse stimmen op dit plak. Ik betankje de Omrop foar dit bysûndere putsje en it staveringshifkjen, en betankje jo, de harker, foar it lústerjen. It wie in eare en in genot."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)