Bewenners ûntefreden mei feangreideprogramma: "Weer onderzoek en uitstel"

27 maaie 2021 - 07:05

Hâld op mei it dwaan fan ûndersiken nei kompensaasje foar skeagefallen yn it feangreidegebiet, mar kom mei in oplossing. Dy oprop komt fan de bewennersgroep yn it gebiet.

Woansdei stimde Provinsjale Steaten yn mei it Feangreideprogramma:

"Gedeputeerde Douwe Hoogland zei dat er nog meer onderzoek nodig is. Dat is de kramp van overheden: meer onderzoek en uitstel. De zittende macht is niet echt bereid om stappen te zetten," seit foarsitter fan de bewennersgroep Leonhard Beijderwellen.

Woansdei stimden Provinsjale Steaten yn mei it feangreideprogramma fan de provinsje. Dêryn stiet omskreaun hoe't de problemen yn dat gebiet oanpakt wurde moatte.

"Er was veel aandacht voor de funderingsproblematiek, dat is goed. Maar ik ben bang dat de woorden praktisch niets opleveren voor ons," fertelt Beijderwellen. "Er was een mogelijkheid om daden te laten zien: de motie van de ChristenUnie. Maar die gaat het niet worden, dus we zijn hier niet mee geholpen. Er moet veel meer gebeuren met dit urgente probleem."

Opnij ûndersyk

Huzen fersakje troch fundearringsskea, ûntstien troch in leech wetterpeil. Bewenners stride al jierren om kompensaasje mar ek no komt dy der net. Yn stee dêrfan komt der in fundearringstafel dêr't alle partijen oan sittte, dy't dan wer in ûndersyk dwaan moatte nei de skea. "In sommige gevallen kan een huis instorten, in andere gevallen gaat een bedrijfsvoering naar de maan. Of het pensioen van de mensen. Men is goedwillend, maar hoe dit onderzoek uitpakt is weer volledig onzeker," stelt Beijderwellen.

Leonhard Beijderwellen, foarsitter fan de bewennersgroep

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)