Wenningen ûntromme om 'fertocht pakket' by plysjeburo Ljouwert

Nei de fynst fan in 'fertocht pakket' binne meardere wenningen ûntromme boppe it plysjeburo oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert. It pakket waard oantroffen troch studinten.
Sjoch hjir nei in petear mei ien fan de finers
"Het zag er niet heel goed uit", seit de finer, "zeker met de plaatsing zo dicht bij het politiebureau was dat wel verdacht." Op foto's is te sjen dat it giet om in pakketsje fan aluminiumfoly, en dat der elektrisiteitstriedden útstekke.
De plysje hat de eksplosiven-oprommingstsjinst fan definsje ynskeakele, en de romme omjouwing fan in plysjeburo waard ôfset. Dat wie midden yn de nacht. Minsken dy't boppe it plysjeburo wenje, moasten it hûs út.
© Kappers Media
Minsken fan Definsje ha it objekt besjoen, en röntgenfoto's makke. Dêrút die bliken dat der gjin gefaar wie. It pakketsje is meinaam as bewiismateriaal.
Om healwei twaen hinne waard de omjouwing wer frijjûn, en doe koene minsken ek werom nei hûs.