Dútslân warskôget kontenerskippen foar min waar boppe it Waad

27 maaie 2021 - 10:40

De ynternasjonale oanpak fan de risiko's fan de seekontenerfeart boppe de Waadeilannen komt stadichoan op gong. Sa sil Dútslân ek lytsere kontenerskippen warskôgje by min waar foar de gefaren fan de farrûte boppe de Waadeilannen, komme der ynkoarten konkrete foarstellen op tafel by de International Maritime Organization en wurdt binnen Europa sjoen nei it better fêstsetten fan konteners.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dat alles nei oanlieding fan de 342 konteners dy't de MSC Zoe begjin 2019 ferlear boppe de Waadeilannen. Dútslân warskôget no al kontenerskippen fan 200 meter en grutter. Mar nei oerlis mei Nederlân en it kontenerferlies earder fan de Baltic Tern, dat in lytser skip is, is it Dútslân no ek dúdlik wurden dat in warskôging foar ûndjip wetter in goed plan is by min waar op de súdlike farrûte.

Lannen fiele neat foar strange beheiningen

Skippen kinne dan fierder noardlik fan de eilannen farre as sy de warskôging folgje. Omdat it Waadgebiet in kwetsber natuergebiet is, advisearre de Onderzoeksraad voor Veiligheid om dat te brûken om de skipfeart mear beheiningen op te lizzen.

Dútslân en Denemarken fiele dêr neat foar, sa skriuwt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat oan de Twadde Keamer.

Oanbefelling

Nei oerlis binne Dútslân en Denemarken wol ree om mei te wurkjen oan in net-ferplichtsjende oanbefelling fan de International Maritime Organization (IMO). Dat betsjut dat der konkreet yn de saneamde IMO's Ships' Routeing Guide ynformaasje komt oer de risiko's op kontenerferlies.

Dy 'guide' wurdt brûkt by tariedingen fan reizen troch de bemanning. Earder dizze moanne is mei Dútslân by datselde IMO in foarstel yntsjinne wêrby't alle kontenerskippen ferplichte wurde om bettere apparatuer mei te nimmen om de slingerhoek te mjitten.

It slingerjen fan de MSC Zoe wie in wichtige reden wêrom't de konterners yn de Noardsee bedarren. Ien en oar sil wol in soad tiid kostje.

Neffens boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân helpe de advizen fan Dútslân in bytsje, mar net perfoarst genôch. "Het vermindert het risico, maar voor de kleine schepen is het daarmee niet gedaan. Het is alsnog belangrijk dat de containers goed vastgesjord zijn. De Europese Commissie heeft informeel aangekondigd ook te kijken naar het vastzetten en naar gekwalificeerd personeel."

In kontenerynspeksje troch de Inspectie Leefomgeving en Transport yn Rotterdam - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Wat ek út de ûndersiken bliken die, is dat de 'twistlocks' en al it oare ark om de konteners teplak te hâlden net mei feroare binne mei it hieltyd grutter wurden fan de kontenerskippen. Neffens de minister hat de Europeeske Kommisje ynformeel oankundige dat sy in spesjaal soart typekeur ûndersykje wolle om dêr wat oan te dwaan. Yn de hjerst wolle sy dêroer om tafel mei de lidsteaten.

Ekstra kontrôle

Earder is al tasein dat de Inspectie Leefomgeving en Transport in ekstra kontrôle útfiere sil op de gewichten fan konteners. Dat wurdt no taret. Ut in rapport fan dy ynspeksjetsjinst die earder bliken dat alles lang net goed foarinoar wie op de kontenerskippen.

Mei dat rapport wol de minister yn IMO-ferbân de rest fan de wrâld safier krije dat by de reguliere ynspeksjes mear omtinken komt foar kontrôlen op it goed fêstsetten fan konteners. Sy hâldt fêst oan it kontrôlesysteem lykas dat no wurket yn Europa wêrby't skippen mei in heger risiko mear kontrolearre wurde.

Undersiken

Fierder rinne der noch ûndersiken nei de risiko's fan lytsere kontenerskippen boppe de Waadeilannen en de komst fan in ferkearsbegeliedingssysteem. De Nederlânske wet feroarje om sels by need rapper yngripe te kinnen, liket der net fan te kommen.

Om't by de MSC Zoe de kapitein pas let troch hie dat hy yn sa'n needsituaasje siet en dat der konteners ferlern wiene, set de minister yn op in bettere ynformaasjeposysje fan de bemanning. By de Baltic Tern gong it formeel ek net om in nautyske needsituaasje. Der is fierder ek praat mei de fersekerders, mar dy wolle noch gjin strangere easken stelle. Soks soe neffens harren mei de IMO regele wurde moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)