"Effekten tijmar by Holwert bliuwe beheind ta direkte omjouwing"

26 maaie 2021 - 21:54

As der by Holwert in tijmar oanlein wurdt dat mei eb en floed meibeweecht, bliuwe de effekten op de grûnwetterstân beheind ta de direkte omjouwing. Dat is ien fan de earste konklúzjes fan it hydrologysk ûndersyk dat it buro Acacia Water de ôfrûne wiken by Holwert útfierd hat. Neffens Jan Zijlstra fan de stichting Holwert oan See biede dy earste útkomsten betrouwen, mar "moatte der noch wol wat nuânsen makke wurde".

Foto: Provinsje Fryslân

Jouke Velstra presintearre woansdeitejûn út namme fan Acacia Water digitaal de earste útkomsten fan it ûndersyk, dat yn opdracht fan de stichting útfierd wurdt. Sintrale fraach dêrby is wat der mei de omjouwing bart, as de seedyk by Holwert ek echt trochbrutsen wurdt en in tijmar oanlein wurdt.

In eventuele feroaring fan de grûnwetterstân yn it gebiet soe soargje kinne foar fersilting en mooglike sâltskea oan de gewaaksen fan boeren.

It njonkenlizzende lân fan it oan te lizzen tijmar by Holwert kin dat mooglik ûnderfine, konkludearre Velstra woansdeitejûn. Mei treffende maatregels soene dy effekten neffens him wol goed beheind bliuwe kinne. De oanlis fan it tijmar hat mooglik ek ynfloed op de grûnwetterstân yn it doarp sels, mar dêr moat troch de wurkgroep noch fierder nei sjoen wurde.

Undersyk yn juny klear

It hydrologysk ûndersyk is yn juny pas hielendal klear. "Dan folget ek in einrapport mei eventuele maatregels", neffens Jan Zijlstra fan de stichting Holwert oan See. Dy sille ûnderdiel útmeitsje fan it ûntwerp fan it tijmar. Zijlstra: "Dat sil dêrnei it fergunningeproses yn, earne takom jier."

It is de bedoeling fan de stichting Holwert oan See dat it trochbrekken fan de seedyk yn 2025 realiteit is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)