De lêste fracht foar de feanter fan De Deelen: "It is in hiel nuver idee"

Theun de Leeuw fan De Tynje hat syn lêste fracht hân: de lêste feangraver fan De Deelen hâldt op. De fergunning rint ôf en Theun de Leeuw komt op in leeftiid om der mei op te hâlden. "It is in hiel nuver idee, dat je hjir net mear hinne hoege. Ik bin der grut wurden: as jonkje wie ik hjir al mei heit en mem. Myn hiele libben leit hjir. Mar je wurde âlder, dus it is in kear dien."
Sa gie de lêste fracht foar Theun de Leeuw:
"Ik bin oerbleaun." Sa seit De Leeuw it sels. "Ik bin de lêste kommersjele feanter yn dit gebiet. Myn bruorren hawwe hjir eartiids ek noch wurke, mar sy sieten yn de turf. Dat doch ik net, want de grûnstof wurdt no brûkt foar potgrûn. Bygelyks foar beamkerijen."
De lêste fracht foar Theun de Leeuw © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Oer mei de turf

Dat hat ek te krijen mei de feroaringen yn de enerzjyfoarsjenning. "Doe't de stienkoal en it gas kaam wie it oer mei de turf. Us heit is yn 1957 begûn mei de eksploitaasje foar potgrûn. Dat krige stadichoan mear hannen en fuotten. De grutste feanters binne nei Letlân en Estlân gien, dêr sit noch in soad. De Deelen is ûntstien troch de turfgraverij, mar it is no in gebiet fan 450 bunder fan Steatsboskbehear."
Ferslachjouwer Ronnie Porte gie mei De Leeuw mei op de lêste fracht
Dochs is De Leeuw mar wat tankber dat hy yn it leechfeangebiet wurkje mocht. "Yn sa'n moaie omjouwing it wurk útsitte is wol wat wurdich hear," seit De Leeuw.

Giterske feantersfamylje

It komt net út de loft fallen dat hy feangraver wurden is. "Je wurde feanter om't je út in famylje wei komme dy't dêr al iuwen mei dwaande is. Ik kom fan likernôch 1830 ôf út in feantersfamylje. It wie in Giterske famylje dy't fia Tsjalbert hjir yn De Deelen bedarre. Myn pake is hjir begûn, letter myn heit en myn bruorren."
In brechje oer it Alddeel yn leechfeanreservaat De Deelen © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Leeuw hie noch in fergunning foar de feanterij. "Dy wie foar tsien jier ôfjûn en dy is no ôfrûn. Boppedat is der noch wol wat fean om ôf te graven, mar it wurdt wol dreger. Ek mei de útstjit fan CO2. Tsien jier lyn hat de firma Jonker fan Terwispel in soad wurk oernaam, mar ik bin wol altyd belutsen bleaun nei de klanten ta."
As je sels bepale kinne wannear't je ophâlde wolle, dan is dat ek wol moai.
Feanter Theun de Leeuw fan De Tynje
Mar de lêste fracht hat no echt west. "Nei al dy jierren moatte je dochs in kear. It is in proses wat je oankommen sjogge. As je sels bepale kinne wannear't je ophâlde wolle, dan is dat ek wol moai."
Theun de Leeuw fertelde earder oer syn lêste wurkwike
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte