SC Hearrenfean dielt seadden fan it Abe Lenstra Stadion út

26 maaie 2021 - 19:34

Supporters fan SC Hearrenfean kinne seadden út it Abe Lenstra Stadion wei krije. Yn de simmer wurdt der in nije gersmatte yn it stadion lein. De âlde wurdt dêrom ferparte oer de supporters.

Foto: SC Heerenveen

Minsken mei in seizoenskaart, frijwilligers en saaklike relaasje kinne fergees in seadde ophelje. Minsken mei in klupkaart kinne der ien keapje foar in lyts bedrach.

Supporters kinne it stik gers yn in blompot meikrije, mei in flachje as bewiis dat it echt út it stadion komt. It ôfhelmomint is op 6 juny, dat moat op ferskate tiden barre sa't net eltsenien tagelyk komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)