Waadferiening bliid mei CO2-útspraak Shell: "Dit is histoarysk"

'Histoarysk', sa neamt direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening de útspraak fan de rjochter tsjin Shell. It bedriuw moat op koarte termyn mear dwaan om de CO2-útstjit werom te bringen. Jacobi is út de skroeven mei de wurden fan de rjochter oer it Waadgebiet.
Lutz Jacobi, njonken Milieudefensie-direkteur Donald Pols © ANP
De saak wie oanspand troch Milieudefensie en krige stipe fan tal fan oare miljeuklups en natuerorganisaasjes, lykas de Waadferiening. De rjochter seit ûnder oare dat Shell ferantwurdlik is foar in enoarme CO2-útstjit: sels grutter as fan in soad lannen, lykas Nederlân. Dy útstjit soarget neffens de rjochter foar grutte risiko's, benammen foar ynwenners fan it Waadgebiet.

Eksplisyt it Waadgebiet

Jacobi siet yn de rjochtbank. "Ik fûn it in hiel dúdlike útspraak fan de rjochter. En wat ik bysûnder fûn: se neamde eksplisyt it Waadgebiet en de bewenners derfan. In histoaryske útspraak dus, ek foar it Waadgebiet."
It giet ús om it klimaat yn syn gehiel, mar we stride benammen foar it Waad.
Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening
Ien fan de saken dêr't de rjochter op yngong, wie it boarjen yn kwetsbere gebieten, lykas it Waad. Dêr moat opnij nei sjoen wurde. "Dêrom dienen wy ek mei", seit Jacobi. "It giet ús om it klimaat yn syn gehiel, mar we stride benammen foar it Waad."
Jacobi hat der betrouwen yn dat der no ek wat feroaret. "It is in hiel histoaryske útspraak. Ik hie it net ferwachte, ik wie wat foarsichtich. Mar no't it bedriuw echt ta de oarder roppen wurdt, dan moat der ek wol wat barre."
Lutz Jacobi fan de Waadferiening
Dirk Kuiken wie ien fan de 17.000 yndividuele easkers yn de saak. Hy ferwachtet dat dizze saak ek in soad betsjut foar yn de takomst. "Het is voor het eerst dat zo'n groot bedrijf aansprakelijk wordt gesteld voor de mogelijke schade die ze aanrichten. En nu is het onvermijdelijk dat ook andere grote vervuilende bedrijven hiermee te maken krijgen."

Grutste bedriuwen oanpakke

Dat hopet Meindert Boersma ek. Hy is aktivist fan Extinction Rebellion en lid fan de Klimaatcoalitie Fryslân. "As je tsjin de grutste bedriuwen wat dogge, dan komme je in hiel ein. Dy binne ferantwurdlik foar in grut diel fan de totale CO2-útstjit."

Noch even spannend

Kuiken wie tiisdei by Ternaard op de fyts stapt ûnderweis nei Den Haag. Dêr hat er de útspraak folge. Oan it begjin wie it noch even spannend. "Het leek eerst even de verkeerde kant op te gaan, toen ging het over ontvankelijkheid. Maar uiteindelijk heeft de rechter een heel heldere en duidelijke uitspraak gedaan tegen Shell. En dat gaat direct in."
Dirk Kuiken © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Shell moat dus minder útstjitte, is de opdracht. Dat kin ek, neffens Kuiken. "De rechter zei ook: er zijn genoeg mogelijkheden. En hoe ze het doen, dat is aan Shell zelf. Maar het moet."
Aktivist Boersma fynt net allinnich de útspraak wichtich, mar ek dat eltsenien no wer sjocht hoe funest oft de útstjit fan Shell is.
Mei dizze útspraak komme de bedriuwen wer yn de spotlights. Sy binne it belangrykst om de útstjit te ferminderjen.
Meindert Boersma fan Extinction Rebellion en de Klimaatcoalitie Fryslân
"Multinationals ha hiel bot har bêst dien om de ferantwurding fan de klimaatferoaring ôf te skowen nei yndividuën", seit Boersma. "Dus we moatte op de fyts nei it wurk, koarter dûse, fegetarysk ite. Dat is allegear betocht troch sokke bedriuwen. Mei dizze útspraak komme de bedriuwen wer yn de spotlights. Sy binne it belangrykst om de útstjit te ferminderjen."

Shell set alles op alles

Boersma leaut wol dat der no echt wat barre sil. "Shell is in bedriuw dat winst meitsje wol en der alles oan dwaan sil om hjir goed út te kommen. Mar it stiet no swart op wyt dat der wat barre moat. Dat is hiel moai."

Striid oer oanpak klimaatferoaring

Shell ferwachtet dat se yn berop gean sille tsjin de útspraak. It bedriuw seit dat der rap aksje nedich is tsjin klimaatferoaring, mar se binne it net mei de miljeu-organisaasjes iens oer de oanpak.
As je oan de iene kant in wynmûnepark bouwe, mar tagelyk in oaljeplantaazje iepen smite, sjit it net op.
Meindert Boersma fan Extinction Rebellion en de Klimaatcoalitie Fryslân
"It is wol sa dat Shell mear ynvestearret yn griene enerzjy as tweintich jier lyn", seit Boersma. "Mar se stekke noch mear jild yn oalje en gas. Sa besykje se netto op nul út te kommen. Greenwashing neame je dat ek wol. Mar as je oan de iene kant in wynmûnepark bouwe, mar tagelyk in oaljeplantaazje iepen smite, sjit it net op."