Skulden frijskat fan troffen famylje yn taslagge-affêre op It Hearrenfean

De flagge kin út by de famylje fan Minkie Brandsma op It Hearrenfean. Nei mear as twa jier komt der foar har in ein oan de taslagge-affêre. Harren skulden wurde frijskat, seit boargemaster Tjeerd van der Zwan ta. "Dit is erkenning," seit Brandsma. "Dit fiel ik djip fan binnen. We slute no in donker haadstik ôf."
De boargemaster dielde mei oan de famylje dat beteljen dochs net hoecht:
It is foar de famylje fan Minkie al twa jier lang in nachtmerje. Har dochter sit yn de bystân en komt dreech rûn. Minkie betelle dêrom sa no en dan boadskippen foar har dochter. De famylje woe helpe om it libben wer wat op de rit te krijen.
Sy seit: "Doe't it destiids min mei har gie, hawwe wy har holpen. Sy koe eltse dei by ús ite en dan kocht sy de boadskippen foar ús en foar harsels, ek om har maatskiplik wat yn beweging te hâlden. Dy boadskippen betelle se sels en wy betellen har letter de boadskippen dy't foar ús bedoeld wiene werom, want dat wie ús iten. Sa ha wy dat jierren dien."

7.200 euro betelje

Mar dat mocht neffens de gemeente net, want dêr is de bystân foar. De dochter fan Minkie moast dus alles werombetelje en dêrboppe noch in boete. It gie om sa'n 7.200 euro yn totaal. "De gemeente seach nei de regels en net nei de minsken der efter. Mar dat is no feroare."
© Omrop Fryslân
Nei't Omrop Fryslân it ferhaal fan Brandsma nei bûten brocht yn jannewaris, hat de polityk fragen steld oer de wurkwize en de regels oer de bystân. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean nimt yn jannewaris de lieding oer it ûndersyk.

"Hie sa net moatten"

Woansdei sei Van der Zwan tsjin de famylje dat sy dochs net hoege te beteljen. "Van der Zwan sjocht mear nei de minsken efter it ferhaal. Hy hearde ús ferhaal oan en frege hoe't it giet mei ús dochter. Doe hawwe wy alles útlein. Dat myn dochter it spoar bjuster wie yn de regels en se ek net mear snapte. De boargemaster seach dat it sa net moatten hie en nimt it beslút dat wy it jild net hoege te beteljen. Wy hawwe noch nea sa bliid west tink ik. No kinne wy foarútsjen nei de takomst. Dit haadstik is no klear."
De gemeente ûnderstreket dat amtners nei de regels hannele ha.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Minkie Brandsma