Undersyk Rykswettersteat: gjin skealike gefolgen troch plestik kerrels MSC Zoe

26 maaie 2021 - 18:29

Undersikers yn opdracht fan Rykswettersteat ha gjin gefolgen konstatearre op de natuer yn it Waad troch de plestik kerrels dy't begjin 2019 yn de Noardsee bedarren nei de ramp mei it kontenerskip MSC Zoe.

In seestjer mei plestik kerrels op it strân fan Skiermûntseach by in opromaksje - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It gie yn jannewaris 2019 om 11.000 kilo hiel lytse kerrels en in partij gruttere plestik kerrels dêr't net fan bekend is hoefolle kilogram oft dat krekt is. It plestik is benammen op Skiermûntseach weromfûn.

It ûndersyk is útfierd troch Wageningen Marine Research (WMR) yn Den Helder en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) op Teksel. Johan van der Molen fan it NIOZ oer wat se dien ha: "Wij hebben een groot aantal verschillende soorten monsters bekeken. Monsters van het sediment in de Waddenzee over een groot gebied. Monsters van water die zijn genomen met een fijn visnetje om te kijken wat erin zit. Maar ook monsters van uitwerpselen en braakballen van een aantal vogels: lepelaars, kanoeten en kleine mantelmeeuwen."

Modellen

De meunsters binne al earder sammele. Dêrneist is ek mei modellen sjoen hoe't de kerrels harren ferspraat ha. De lytse kerrels driuwe minder goed en binne dêrom hast net yn de Waadsee bedarre. Neffens in modelberekkening fan it NIOZ binne se nei it Noarden en Noardeasten yn de Noardsee gien.

In ûndersiker fan Wageningen Marine Research dwaande yn Den Helder - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Mar Wageningen Marine Research hat ek net stilsitten. WMR hat yn in grut tal bassins in soarte fan lytse Waadseeën makke, kompleet mei lytse fisken. Dy ha se bleatsteld oan ferskillende konsentraasjes fan de lytse plestik kerrels.

Alles komt ta dizze konklúzje: "We hebben in het veld gekeken en in experimentele systemen. In de experimenten hebben we wel wat effecten gevonden, maar alleen bij hoge concentraties. Die zijn hoger dan we in het veld hebben aangetroffen. In het veld hebben we geen effecten aangetoond."

Dat seit Edwin Foekema fan Wageningen Marine Research. De gefolgen foar de fisken dy't de kerrels opieten, wiene hiel subtyl. Sy wiene justjes meagerder, mar fierders wol sûn.

Fierder ûndersyk

Mar de ûndersikers witte noch net alles. Sa soene se fierder sjen kinne nei de boaiem. Nei it sedimint om te sjen wêr't de kerrels krekt bliuwe. Fierder binne yn it eksperimintele ûndersyk boaiemfiskjes brûkt. Dy hawwe mooglik minder lêst hawwe fan plestik, omdat sy fan dy boaiem wolris faker saken opfrette dy't sy net fertarre kinne. Dy poepe se dan gewoan wer út en dat dogge sy dus ek mei dy plestik kerrels.

Fisken dy't harren fretten heger boppe de boaiem weihelje, binne dêr minder op ynsteld. Dêr wie net nei sjoen, omdat de ferwachting wie dat de lytse plestik kerrels allegearre nei de boaiem sakje soenen. Mar út it ûndersyk docht bliken dat dat net altyd sa is. En fierder kinne jo better sjen nei spesifike kwelderfûgels. Want dêr binne de gruttere plestik kerrels bedarre.

Edwin Foekema fan Wageningen Marine Research lit de plestik kerrels yn de sebearre Waadsee - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Op basis fan dit ûndersyk 'moat' der dus folle mear plestik by yn de Waadsee om potinsjeel gefaarlik te wêzen. De ûndersikers dogge yn harren rapport ek in hantrekken foar in ûndersyk om dy ûntwikkeling yn de praktyk te folgjen.

Dat liket Edwin Foekema (WMR) in goed idee ta. Al litte oare monitoaringsprogramma's in lytse delgong sjen. Troch dit ûndersyk is der no yn alle gefallen ek in soarte fan nulmjitting dien oer wat der no al yn de Waadsee omdriuwt.

"Heel weinig"

Foar Johan van der Molen (NIOZ) komme de útkomsten wol wat as in ferrassing: "Ik had gedacht dat we meer materiaal van de MSC Zoe terug zouden vinden. Vooral die kleine korreltjes. Daar hebben we heel erg weinig van gevonden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)