Wer gjin Friezen yn EK-seleksje: "Ik ha de folgjende Fryske ynternasjonal noch net sjoen"

26 maaie 2021 - 17:10

Bûnscoach Frank de Boer is woansdei mei syn definitive seleksje kaam foar it EK fuotbal. It mei gjin ferrassing wêze dat der gjin Friezen by de 26 nammen sitte dy't De Boer trochjûn hat oan fuotbalbûn UEFA.

Frank de Boer - Foto: ANP

Dat Fryslân op fuotbalmêd net meidocht mei de grutte jonges, docht ek bliken út it kompjûterspultsje FIFA. Dêryn krije alle fuotballers punten, ôfhinklik fan hoe goed oft se binne. Analisten ha no fan alle spilers út de ôfrûne tsien jier útsocht út hokker provinsje oft se komme. Fan alle provinsjes binne dêrnei de punten opteld fan de bêste alve spilers.

Seelân kaam net iens ta alve spilers, mar fan alle oare provinsjes einige Fryslân stiif ûnderoan. Wy fregen oan ferskate saakkundigen hoe't dat no krekt kin, en wat der barre moat om yn 2040 in Fries yn de WK-seleksje te krijen.

Foppe de Haan (âld-trainer SC Hearrenfean, twa kear Europeesk kampioen mei Jong Oranje, Europeesk kampioen mei de Oranje froulju)

"It tal Fryske fuotballers is net sa grut yn fergelyk mei de populaasjes yn it Westen. Dus tafal spilet hjir foar fuotballers yn Fryslân in gruttere rol. Kinst in kear gelok ha, dan komst troch de jeugdseleksjes.

Miskien wurde talinten hjir ek wol te gau ôfservearre. Kinst ek sizze: we moat mear tiid yn se ynvestearje. Net sa gau sizze dat se net goed genôch binne."

Foto: Orange Pictures

"Wêrom't it by de froulju wol slagget mei trije ynternasjonals op it stuit? Der binne fansels folle minder froulju dy't fuotbalje, dus ast goed bist - lykas Sherida Spitse - dan stekst der folle earder boppe-út. No is Sherida echt wol hiel goed, mar by de froulju giet it rapper ast goed bist.

In Fries op it WK 2040? Dan moat fuotbal hjir noch populêrder wurde. Dan moast jeugdopliedingen better meitsje, net allinnich by de profklups, mar oer de hiele breedte. Dus ek by amateurferieningen. En bettere jeugdtrainers oan it wurk sette, dy't mei de jeugd oan de slach gean. Sjoch, hjoed of moarn sil der grif wer in Fryske ynternasjonal op de fjilden rinne, mar ik ha him noch net sjoen."

Johan Zuidema (fuotballer SC Cambuur, FC Twente, Ajax, 2 ynterlâns foar Oranje):

"Ik ha twa kear yn it Nederlânsk alvetal spile, tsjin België en West-Dútslân. Dat wie yn 1975. Tsjin Italië haw ik noch in kear op 'e bank sitten. Yn myn tiid wie it hiel oars as no. De jonges út it westen fan it lân binne folle brutaler. As dy net by de seleksje sieten, dan bellen se sels mei de KNVB dat se noch nea heard hiene. Se praten har der sels wol yn. Wylst ik fyn dat je gewoan op kwaliteit selektearje moatte."

Johan Zuidema yn Oranje (fiifde fan links) - Foto: ANP Foto

"It wie geweldich om mei te meitsjen. Mei al dy fedetten fan Ajax en Feyenoord as Ruud Krol, Wim Suurbier, Rob Rensenbrink en Willem van Hanegem. Ik fuotballe yn dy tiid by FC Twente, dat wie doe ek mar in boereploechje. It wie bêst dreech om der wat tusken te kommen, mar ik gie myn eigen gong en koe goed opsjitte mei Krol en Ruud Geels."

Michel Vlap (lêste Fries yn Jong Oranje, 3 duels as jeugdynternasjonal):

"Ik wil nog altijd het grote Oranje halen. Dat is altijd mijn droom geweest en die ambitie moet je houden. Maar dan moet je het wel laten zien met goals en assists.

Ik heb het zelf ook gemerkt, als je als enige Fries binnenkomt bij elftallen van Oranje. Jongens uit de Randstad spelen vaak al jaren met elkaar, die kennen elkaar, worden misschien wat sneller volwassen. Dat merk je als je binnenkomt. Friese jongens kijken wat vaker de kat uit de boom.

Van de tien spelers uit de jeugdopleiding van Ajax worden er misschien acht prof. Daarbij zitten dan wellicht één of twee internationals. Bij de opleiding van Cambuur of Heerenveen haalt misschien één op de tien een niveau waar je prof mee kan worden. En dan zijn ze nog geen international."

(Advertinsje)
(Advertinsje)