FIDEO: It earste skoalreiske foar Sybrandy's

26 maaie 2021 - 17:08

Sybrandy's Speelpark yn Aldemardum is wer iepen. Santich learlingen fan de Meester van der Brugskoalle yn Wâldsein wiene wolkom foar de komeet, de Wave Rider of de Nautic Jet. It is it earste skoalreiske fan it jier, nei't de attraksjeparken ferline wike wer iepen mochten. Neffens eigener Sjerp Jaarsma kin it net út om iepen te wêzen, mar hy wol de bern graach wat oanbiede. Dêrom is Sybrandy's foarearst allinnich iepen yn it wykein of foar skoallen op reservearring.

Foar it earst wiene der wer bern by Sybrandy's:

(Advertinsje)
(Advertinsje)