Soarchpensjon Dokkum offisjeel iepene nei flinke ferbouwing

26 maaie 2021 - 16:16

Yn medysk sintrum Sionsberg is woansdei it Soarchpensjon Dokkum offisjeel iepene troch in wethâlder fan Noardeast-Fryslân. "Mensen zijn hier echt om te werken aan herstel," leit René van de Wetering fan Sionsberg út.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

"Mensen in een verpleeghuis komen daar vaak in de laatste fase van hun leven. Wat we hier doen is echt gericht werken aan herstel, om de mensen zo spoedig mogelijk terug te laten keren naar hun thuissituatie."

Healwei 2020 is yn Sionsberg al úteinset mei de ferbouwing op de twadde ferdjipping. Dat wie noch in flinke put.

"De afdeling heeft een aantal jaren leeggestaan, dus er moest echt wel wat gebeuren. Er was meer nodig dan alleen een likje verf. Daarna bleek ook dat we niet voldeden aan de eisen van brandveilig gebruik. Dus we moesten ook nog wat dingen aanpassen om ervoor te zorgen dat alle vergunningen in orde waren. Het had veel voeten in de aarde, maar we hebben voor elkaar gekregen."

Ferslachjouwer Ronnie Porte by Soarchpensjon Dokkum

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It befalt de earste gasten goed. Sa seit frou Reitsma: "It befalt my prima. Ik bin hjir freed trije wiken. It is de bedoeling dat ik moandei wer nei hûs ta kin. Mar it is hjir wol gesellich, it is hjir bêst út te hâlden."

Koördinator Binny Dijkshoorn

(Advertinsje)
(Advertinsje)